Ga naar inhoud
MAP
fy

Aksje yn it bosk

Yn ‘e beammen klimme, gps-tochten, mountainbike, kanofarre en oare aktiviteiten. Wa’t in aktive dei ha wol, moat by De Jongens van Outdoor yn Appelskea wêze. De Jongens brûke it prachtige lânskip fan it Nasjonale Park Drintsk-Fryske Wold foar harren aktiviteiten. Foar Ljouwert-Fryslân 2018 wol Jan de Roos, ien fan De Jongens, op unike wize de ferbinende skeakel foarmje tusken ferskillende ûndernimmers yn de omjouwing. 

Yn it nagelnije pand oan de Boerestreek begjinne de aktiviteiten. “Doe’t ik hjir kaam te wenjen, seagen myn oerbuorman en ik dat der njonken in fytsferhier neat organisearre waard yn de omkriten. Dat fûnen we skande, want de omjouwing biedt safolle mooglikheden. Under it genot fan in pear bearenburchjes binne de planne makke. We hawwe in KvK-nûmer oanfrege en beide tûzen euro ynlein. We binne begûn mei in soarte fan Highlamd Games. Nei in jier koe ik stoppe mei myn fêste baan en nei twa jier myn kompanjon ek. Se wisten ús gau te finen.”

Op nei 2018
Yntusken is it assortimint aktiviteiten flink groeid. “Njonken de lokaasjes yn Appelskea hawwe we ek in lokaasje yn Veenhuizen by de brouwerij fan Maallust”, fertelt Jan. “Dêr hast ek in prachtige omjouwing.” Jan is no drok dwaande mei it 500-jierrich bestean fan de gemeente Eaststellingwerf, mar 2018 is yn sicht. “We wolle noch mear gearwurkje mei bygelyks Steatsboskbehear of it Gevangenismuseum yn Veenhuizen. Tink oan ekskurzjes mei gps troch it bosk of nei kulinêre lokaasjes. In protte toeristen geane op syk nei bysûndere plakjes. Dêr wol wy se op ludike wize hinne bringe.”

Ek is De Jongens drok dwaande om it NK Mountainbiken foar jeugd nei Fryslân te heljen. “Op 3 septimber hawwe we hjir al in grutte wedstriid holden foar de top fan de jeugd tusken de 7 en 15 jier. Der wienen doe rûn de 250 dielnimmers. De KNWU (Koninklijke Nederlandsche Wielren Unie) wie sa entûsjast oer alle foarsjenningen en de organisaasje, dat wy frege binne om it NK fan 2018 of 2019 te organisearjen. We geane fansels foar 2018.”

As lêste hawwe we de Acht fan Appelskea. “In fytsmaraton wêryn’tst acht oeren lang rûntsjes fan acht kilmoter fytst. Dat kin allinne, yn duo of as kwartet yn estafette. De Acht organisearje we alle jierren, mar ik hoopje dat der yn 2018 ynternasjonale teams meidogge.”

Ynspiraasje
Al dy aktiviteiten komme net samar út ‘e loft fallen, “We hawwe twa kear yn ’t jier in wykein foar alle fêste personielsleden. Dan freegje we elkenien yn twa- of trijetallen in nije aktiviteit te betinken. Dêrnei kieze we winners dy’t harren inisjatyf de oare deis útwurkje moatte.”

Jan hat ek wol in favoryt. “Wie is de Mol fyn ik in hiele aardichheid om te begelieden. Der binne ferskate teams mei per team ien mol dy’t fan tefoaren alle ynformaasje krijt en it de rest tidens de opdrachten sa moeilijk mooglik meitsje moat. Oan it ein moatte de teams in mol oanwize. We dogge dit al sa’n trije jier en de mol is noch noait ret.” 

Der is noch wol in dream dy’t Jan graach ferwêzenlikje soe. “Ik haw yn it bûtenlân rodelbanen sjoen dy’t dwers troch it bosk rinne, dat is echt leuk”, laket er. “We hawwe hjir sûnt koart de nije Bosbergtoer dy’t we der moai yn belûke kinne soenen. It is allinne hiel djoer om oan te lizzen, om’t it net gewoan in goatsje oer de grûn is, mar giest ek echt de hichte yn. Mar it stiet wol op ús winskelistje.” 

Tekst: Mark Grupstra / foto's Wietze Landman & De Jongens van Outdoor

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens