Ga naar inhoud
MAP
fy

App Cultuurbarbaren de Ontsnapping lansearre

Se binne los. 58 kultuerbarbaren binne ûntsnapt út de Blokhúspoarte en teisterje it kulturele hert fan Ljouwert. It is oan de bern om se op te spoaren en te fangen yn de app Cultuurbarbaren de Ontsnapping. It spul lit bern op boartlike wize kennismeitsje mei kultuer yn Ljouwert en heakket hjirmei perfekt yn op Ljouwert-Fryslân 2018. Yn de bûtenloft moatte dielnimmers op syk om barbaren te fangen. Tagelyk komme se lâns kultuergoed wêr’t se opdrachten as rebussen en koadekreakers krije. 

De app waard hjoed yn de riedseal fan Ljouwert lansearre. It wie noch efkes spannend oft alles goed ferrinne soe, om’t de boeven berneboargemaster Charlize Hindriks gizelen. Gelokkich skeaten omstanners te help en ferrûn alles fierder neffens plan. 

De applikaasje is ûntwikkele troch bern fan de Dr. Algraskoalle út Ljouwert en gamestudio 8D Game. Yn april 2017 tsjinnen de learlingen it idee fan de app yn by de Berneried Ljouwert. 

Alle jierren kinne seis basiskoallen in idee ynstjoere. Dit jier wûn dus de Dr. Algraskoalle. It idee waard ta winner ferkeazen om’t it perfekt yn it plaatsje fan Ljouwert-Fryslân 2018 past. 

Fan no ôf kin elkenien de app downloade yn ferskate appstores. “It is wichtich dat bern troch Kulturele Haadstêd mear leare oer de kultuer fan Ljouwert. Dêrneist soargje we der mei dizze app foar dat bern mear bûten komme”,  seit Ellen Herder, ien fan de learlingen dy’t meiwurke hat oan de app. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens