Ga naar inhoud
MAP
fy

Arriva grutske haadsponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018

LJOUWERT – Arriva ferbynt him as nije haadsponsor oan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. It ferfiersbedriuw en de stichting LF2018 makken it nijs hjoed bekend. 

“We binne tige bliid dat we mei dit nijs nei bûten kinne”, seit Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018. “Arriva is in partij dy’t as ferfierder in grutte ferbinende rol spilet. We binne hiel bliid mei in partner as Arriva.”

Arriva slút him oan by de selekte groep haadsponsors dy’t no út trije partijen bestiet. “We hawwe ús doelstelling berikt. We woenen graach trije haadsponsors en dat is slagge.” Arriva is nei ING en LOF de tredde – en lêste – haadsponsor.

Anne Hettinga, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Arriva Nederlân, sprekt fan in bysûnder momint. “Ljouwert-Fryslân 2018 wurdt in unyk kultureel jier. Arriva ferbynt Fryslân mei Nederlân en de rest fan Europa. As grutske haadsponsor sjogge we út nei hiele moaie eveneminten wêr’t we mei ús tsjinstferliening in grutte bydrage oan leverje kinne, lykas ûnder mear 11Fountains, de Elfwegentocht en fansels De Reuzen.”

Arriva is foaroprinnend eksploitant fan persoaneferfier, aktyf yn 14 Europeeske lannen. Yn Nederlân is se njonken trein-, bus- en wetterbusferfierder ek aktyf yn de Nederlânske touringcarbrânzje ûnder de namme Arriva Touring. It is wol dúdlik dat it partnerskip noch bettere ferbiningen leit nei de ferskate projekten.  

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens