Ga naar inhoud
MAP
fy

“As elkenien tinkt: wat in moai feestje, dan wurdt it dat ek”

Koartlyn fûn de programmapresintaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 plak op it Gouverneursplein yn Ljouwert. Neffens Arjan Rusticus, foarsitter fan Winkeliersvereniging Gouverneurskwartier, net mear as logysk. Hy fynt it plein nammentlik it moaiste fan Ljouwert. 

“It Wilhelminaplein is soms te grut, en by de Aldehou siicht it altyd. Hjir is it folle nofliker en smûker. Mei sa’n trijehûndert minsken is it plein al fold, mar der passe ek maklik trijetûzen minsken. It is dus geskikt foar elk evenemint.”

Grut ferskaat
Alle sydstrjitten fan it Gouverneursplein, it Hofplein en de Eewal hearre by de ûndernimmersferiening. “Hast hjir in hiele protte leuke winkeltsjes. Sa’n 75 prosint fan ús ûndernimmers sit yn de Sint Jacobsstrjitte. Dêr fynst de moaste kleanmerken foar froulju. Dêrneist sit der in edelsmid, ferskate keunsters en meardere hoarekagelegenheden.”

It sterke oan de winkeliersferiening is neffens Arjen dat de ûndernimmers gearwurkje en elkoar net as konkurrint sjogge. “As ik puer oer de hoareka praat, dan wurkje De Walrus, Sems en De Toer hiel nau gear. Sa keapje se foar grutte eveneminten faak mei-inoar yn. Dêr profitearret elkenien fan. Lokkigernôch steane al ús ûndernimmers posityf tsjin Kulturele Haadstêd oer.” En dat is te sjen. Winkelgevels yn de Sint Jacobsstrjitte binne fersierd mei logo’s en posters fan LF2018 en yn de etalaazje fan Gewoon Mooi pronket in sjaal yn LF2018 hússtyl. 

Posityf tinke
“Ik wurd gek fan ûndernimmers dy’t negatyf oer Kulturele Haadstêd binne. Der komme takom jier hûnderttûzenen besikers nei Ljouwert en Fryslân. Al komt der mar ien by dy ien kopke kofje drinken, dan is dat al ekstra winst. Dêr kinst allinne mar posityf oer wêze. As elkenien no ris tinkt: wat in moai feestje. Dan wurdt it dat ek.”

As eardere eigner fan De Walrus en ûndernimmer yn ieren en sinen falt it Arjen op dat Ljouwert him de lêste jierren posityf ûntwikkelet. “Fyftjin jier lyn wier der neat te dwaan. De stêd is sûnt doe hiel bot foarút gien en ik sjoch LF2018 as kroan op dy fyftjin jier.”

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens