Ga naar inhoud
MAP
fy

Behind The Front Door yn ‘e etalaazje fan it NFF

LJOUWERT - Under it Noardlik Film Festival, dat hjoed fan start giet, wurdt rom omtinken joen oan Behind The Front Door. Dit is ien fan de projekten fan Kulturele Haadstêd 2018. Yn dit projekt krije bern út efterstânswiken aanst de gelegenheid om harren ferhaal te fertellen oer de omjouwing wêryn’t se opgroeie, ûnder begelieding fan profesjonele filmmakkers. Se sille sels dokumintêres meitsje, en meie sels de ynhâld bepale.

Dizze wurkwize waard foar in part hantearre by it meitsjen fan The Queen of Silence, by tafal opnommen yn de Poalske stêd Wrocław, dat yn 2016 de Kulturele Haadstêd fan Europa is. De film wurdt freed om 12.00 oere fertoand yn de Bentacera-seal yn ‘e Harmonie. De producers fan Behind The Front Door jouwe in yntroduksje by dizze film en fertelle koart oer it projekt. De ‘minskerjochtenfilm’ Hagelslag 4-Ever! (fan de IKON) wurdt as foarfilm fertoand. Mear oer de kaartferkeap en it programma fan it #NFF35 is hjir te finen.

Hagelslag 4-ever! (Willem Baptist, Nederlân, 2014, 20’)

Nicky (12) is earm. Har mem is wurkleas en docht alle wiken boadskippen by de fiedselbank. Nicky waard wolris pesten om’t se earm is, want der is net folle jild foar nije klean of in cool jierdeiskado. Dochs is se wol gelokkich en kreatyf en kin se genietsje fan lytse dingen. Se fynt it bygelyks noflik om mei har famylje in soad foar oaren te dwaan. Hageslag 4-Ever! giet oer it rjocht om op te groeien yn in sûne omjouwing: mei sûn iten en drinken, foldwaande klean en in waarm hûs.

The Queen of Silence (Agnieszka Zwiefka, Dútslân/Poalen, 2014, 80’, Ingelsk ûndertitele)

Denisa (10) libbet yn har eigen wrâld. Om’t se dôf is, hat se noait praten leard. Dochs ûntgiet har net folle. Tegearre mei har Roma-famylje wennet se yllegaal yn in sigeunerkamp oan de râne fan de Poalske stêd Wrocław, wêr’t se net wolkom binne. Yn in wrâld fol mei rasisme, earmoed en útsetting dûnset Denisa lykwols de stjerren fan ‘e himel, lykas de Bollywoodaktrises op har DVD’s. Yn it ymprovisearre kamp, mar ek yn de yndrukwekkend yn sêne setten dûnsyntermezzo’s. Op in dei krijt se in gehoarapparaat, in bysûnder momint wannear’t se foar it earst lûd heart. Regisseur Agnieszka Zwiefka hat mei dizze film ferskate nominaasjes en prizen binnenhelle.

Hjirûnder de trailer fan The Queen of Silence (youtube)

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens