Ga naar inhoud
MAP
fy

Besikers meie it net, mar fiele der dochs oan

LJOUWERT – ‘It mei net, mar besikers fan it Fries Museum dogge it dochs: fiele oan de stoffen fan Claudy Jongstra.’ It sitaat komt fan sjoernalist Henny de Lange. Hja skreaun in grut artikel oer Claudy Jongstra dat fannemoarn yn lanlik deiblêd Trouw te lêzen wie. ‘Avonturier met Vilt’, kopte Trouw. Keunstneres Claudy Jongstra is binnen it programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 ferantwurdlik foar Farm of the World.

Hjirûnder stiet in Fryske oersetting fan it folsleine artikel oer Claudy Jongstra, dy’t okkerdeis in langrinnende tentoanstelling yn it Fries Museum iepene.

'Aventurier mei Filt' (út deiblêd Trouw, tekst Henny de Lange)

De keunstwurken fan Claudy Jongstra binne ferliedlik en aaiber. Har filtwurken binne in fenomeen en hingje yn in soad museums. Yn it Fries Museum is yn in tentoanstelling har ûntwikkeling te folgjen.

It mei net, mar besikers fan it Fries Museum dogge it dochs: fiele oan de stoffen fan Claudy Jongstra. Se sjogge der tige aaiber en ferliedlik út. Guon minsken sjogge it koard dat harren op ôfstân hâlde moat fan de tekstile keunstwurken sels folslein oer de holle. Dat komt miskien ek troch de sfear dy’t de tentoanstelling 'Claudy Jongstra: Ancient Light' útstrield. Je wane je earder yn har wurkpleats as yn in museum.

Al jierren jildt Claudy Jongstra (1963) as in fenomeen op it mêd fan filt. Se rekke rom tweintich jier lyn – se wie doe noch moadeûntwerpster – yn ‘e ban fan it materiaal, nei’t se in nomadetinte fan filt út Mongoalië sjoen hie mei prachtige ynleine motiven. Doedestiids hie filt in wat stoffich imaazje fan biljertlekkens en oerdegelike huodden en jassen. Se ferdjippe har yn de technyk fan it filten, dy’t seistûzen jier foar Kristus al tapast waard. Simpel sein komt it derop del dat ruwe wol wietmakke wurdt wêrtroch’t de skobben fan de wolfezels iepen stean geane, troch te wriuwen heakje dy fezels yn elkoar en ûntstiet der in soepele, stevige stof. Jongstra begûn dermei te eksperimintearjen en ferminge ferfilte wol mei metaaltried, sidejern en katoen.

Har filtwurken út ‘e begjinperioade sjogge der lekker rûch út. By de yngong fan de tentoanstelling rinne je der hast letterlik tsjinoan. Dêr is in kleurrike korridor fan hingjende doeken makke. In sublime yngong dy’t de besiker ûnderdompelet yn de wrâld fan Claudy Jongstra.

Mei har earste filtwurk gie se nei moadeûntwerper John Galliano, dy’t de stof fuortendaliks brûkte foar syn show yn Parys. Mear ûntwerpers melden harren, letter folge troch arsjitekten dy’t har wandkleden yn harren gebouwen ferwurkje woenen om romten te fersêftsjen en op te fleurjen. Foar har ynternasjonale trochbraak soarge de film ‘Star Wars Episode I - The Phantom Menace’ út 1999; se mocht de stoffen foar de kostuums leverje. In soad opdrachten kamen sûnt dy tiid út Ingelân en de Feriene Steaten. Har wurk is opnommen yn de kolleksjes fan grutte ynternasjonale museums.

It ferhaal oer hoe’t Jongstra filtwurken makket, is al mannich kear ferteld, mar bliuwt ta de ferbylding sprekken, ek op dizze tentoanstelling. Jongstra hat alle stappen yn it produksjeproses yn eigen behear. Oan it begjin fan ‘e sirkel stiet har kudde Drintske heideskiep dy’t de wol leverje. De filten fervet se mei natuerlike kleurstoffen fan planten, blommen en krûden, lykas miede, wede, kamelle, goudsjeblom en sipels. Biologyske boeren ferbouwe dy foar har, nei’t se der earst yn eigen tún mei eksperimintearre hat. Mei sipelskilen bygelyks makket se de protte fariaasjes giel- en goudtinten yn har wurk. Se ûntduts dat as je sipels siede yn in koperen panne, de giele kleurstof wol donkergoud liket.

Goudtinten

Dy moaie goudtinten paste se ûnder mear ta yn in grut keunstwurk dat se okkerdeis makke yn opdracht fan it Museum of Modern Art yn San Francisco. It folsleine ûntsteansproses fan dizze ‘mural’, wêrfoar’t se har ynspirearje liet troch de skiednis fan de goudsikers, wurdt yn byld brocht. Dat bart op sa’n oansteklike wize dat it ek minsken dy’t neat mei tekstylkeunst hawwe, wol oansprekke moat. Ek de prachtige foarmjouwing fan de eksposysje troch Barend Koolhaas, Irma Boom en Jorn Konijn draacht dêroan by. Ien fan de blikfangers is in stellaazje mei tsientallen weckpotten mei dêryn de grûnstoffen foar de filtwurken op sterk wetter: planten, sipels, walnúten, stikjes bast, skilen, woartels, takjes, plokken wol, stringkjes side en stikjes katoen. Stik foar stik binne it keunstwurkjes.

Rûch en net oanpast

Geandewei wurdt ek de ûntwikkeling sichtber dy’t Jongstra trochmakke hat. Nei jierren efterinoar benammen yn opdracht tapast wurk makke te hawwen, wie se ta oan in nije rjochting. Dy hat se fûn troch werom te gean nei de begjinperioade, doe’t se der lekker op los eksperimintearre. Dat rûge en net oanpaste is ûnder mear werom te sjen yn in weefd ‘lânskip’ mei net verve fezels. Se wol wer aventoerearje mei filt. Dêrfan tsjûget ek it slotstik fan de tentoanstelling: in stiltekapel yn de foarm fan in karrûsel wêroan’t in pear hûndert indigoblauwe stringen wol, mohair en side hingje.

Dat Claudy Jongstra in keunstner mei in misje is, rint as in reade tried troch de eksposysje. Har doel is net allinnich keunst te meitsjen. Mei har duorsume en ambachtlike produksjeproses wol se ek bydrage oan in bettere en moaiere wrâld. Dêr hat se in nije útdaging oan tafoege: Farm of the World, workshops yn en oer de natoer foar kânsearme jongeren – sels hat se it leaver oer ‘pechhawwers’. It wurdt ien fan de haadprojekten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Ek dêrnei giet Jongstra dermei troch. Yn it Fryske doarp Húns hat se in stik grûn kocht mei in pear skuorren derop. Mei har partner wol se dêr jongeren opliede yn har ambacht, meiwurkje litte op it lân en sa ûnderfine litte dat elkenien derta docht. Al harren sintúgen wol se oansprekke. Lykas dizze tentoanstelling dat docht.

**** Claudy Jongstra. Ancient Light oant ‘e mei 8 jannewaris 2017 yn it Fries Museum, Ljouwert.

De keunstner wol mei filt wurkje oan in bettere wrâld.

(ein fan it artikel)

De foto is makke troch Marcel van der Vlugt.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens