Ga naar inhoud
MAP
fy

Bloch oer gearwurking mei Valletta 2018

VALLETTA/LJOUWERT – “Sawol wat de publisiteit oangiet as bestjoerlik wie dit besyk in grut súkses.” Rudi Wester kaam dizze wike werom fan Malta. Dêr ferstevige se tegearre mei Jelle Burggraaff it fûnemint ûnder de gearwurkingsprojekten tusken Ljouwert-Fryslân 2018 en Valletta 2018. Wester en Burggraaff praten mei tal fan fertsjintwurdigers út it kulturele gebiet. Op artistyk en beliedsmjittich nivo dus.

Rudi Wester en Jelle Burggraaff koördinearje tegearre de plannen dy’t tusken beide Kulturele Haadstêden fan Europa yn 2018 ûntwikkele wurde. Ien fan dy rinnende projekten is Poetic Potatoes, de regelmjittige útwikseling fan Maltezer en Biltsk/Fryske jirpels en gedichten. Spesjaal hjirfoar reizge dêrom ek Froukje de Jong mei. Sy is ien fan de betinkers en driuwende krêften efter it projekt.

Wester hold in bloch by oer it ferbliuw op Malta, hjirûnder yn Fryske oersetting. 
Wolsto ek oer dyn projekt fertelle? Lit it ús witte fia communicatie@2018.nl.

Bloch Rudi Wester: “Folle seal yn Valletta genietet fan Tsjêbbe Hettinga”

“Op tongersdeitejûn 20 oktober waard de film fan Pieter Verhoeff oer Tsjêbbe Hettinga fertoand yn it wichtichste kulturele sintrum fan Valletta, it St James Cavalier Centre. Fia Pieter Verhoeff hie ik de rjochten dêrfoar regele. Nei ôfrin fan de film fûn der in diskusje plak, oer sawol de film as oer poëzy, mei Froukje de Jong, Rudi Wester en de Malteeske dichters Antoine Cassar en Claudia Glauci. De seal siet hielendal fol, wat al opmerklik is foar in film oer in foar harren folslein ûnbekende dichter as Tsjêbbe. Mar elkenien wie djip ûnder de yndruk en der folge in poerbêste en libbene diskusje.

Wy tochten al: hoe kin dat, in folle seal? Dat barde fjouwer dagen letter trouwens opnij mei itselde programma, mar no foar de leden fan de Anna Lindberg Foundation. Al gau begrepen we wêrom’t de publike belangstelling sa grut wie. Beide jûnen wienen nammentlik opnommen yn it offisjele programmaboekje fan it International Conference of Art and Culture, dat tiisdeitejûn troch de minister fan kultuer, Owen Bonnici, iepene wie. It die bliken dat we mei de film en diskusje oer Fryske en Malteeske poëzy yn in ynternasjonaal en drok besocht programma – mei hûnderten ynternasjonale dielnimmers – opnommen wienen. Geweldich! Boppedat wie it weardefol dat Owen Bonnici de gearwurking mei Ljouwert-Fryslân 2018 yn syn iepeningstaspraak priizge.

Jelle, Froukje en ik wienen freedtejûn oanwêzich by de iepening fan de tentoanstelling fan de tweintich jonge Malteeske keunstners, Divergent Thinkers, yn it Maritime Museum, dy’t ek troch Owen Bonnici iepene wurde soe. We stienen wat te stean yn de earste seal fan de eksposysje, doe’t Owen Bonnici en syn gefolch binnen kamen. Nei’t er earst syn each fluch op de keunstwurken rjochte hie seach er ús stean. Hy kaam fuortendalik op ús ôf en begûn wiidweidich te praten. Oer hoe’t Ljouwert-Fryslân 2018 de gearwurking mei Valletta2018 al jierren goed tarieden hie.

Hy stelde ús mei dy wurden foar oan de oaren, ûnder wa de minister fan jeugdzaken, eksposysjekurator Raphael Vella en de direktrise fan it grutste agintskip foar de keunst, Miriam Teuma. Dêrmei waard it protokol fan de iepening op in noflike wize fersteurd. Foar ús, yn Fryslân, wie it dêrnei moai dat Bonnici ek yn dizze taspraak omtinken foar it wurk fan Ljouwert-Fryslân 2018 en Valletta2018 hie. Hy keas it momint fansels bewust want de oanwêzige media dûkten der fuortendaliks op.

Us programma oer Poetic Potatoes ferrûn hartstikke goed. It projekt op Malta hat in nije producer, Leanne Ellul fan de literêre stichting Inizjamed, en sy hat der foar soarge dat der in soad stikken mei foto’s yn de kranten ferskynden. Bygelyks oer de feestlike oankomst fan de Biltske poaters by de eksporteur op Malta. Mar ek oer de tweintich probleemjongeren dy’t yn it bywêzen fan Froukje, Jelle en my op harren skoalle gedichten oer jirpels skreaunen. Dy gedichten waarden troch in rapper fertolke. Wy binne mei ús trijen ek noch op in legere skoalle west te sjen. Wier in hiel bysûnder projekt wêrby’t sawol Fryske en Malteeske skoallen, as dichter út Malta en Fryslân belutsen binne!

Mar it ferbliuw op it eilân einige yn mineur. Ik stie op it punt om nei Nederlân werom te fleanen doe’t der flak foar myn eagen in tastel út Lúksemboarch delstoartte. De crash wie efkes wrâldnijs. Lykas bekend kamen de fiif ynsitters om it libben. It wie hiel slim om dit mei te meitsjen. In ferskriklike ûnderfining, yn it foarste plak fansels foar alle neibesteanden.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens