Ga naar inhoud
MAP
fy

Camping Heech riedt him ta op 2018

De Fryske wettersportcamping Heech riedt him ta op Kulturele Haadstêd 2018 troch de webside oer te setten yn it Frânsk en Spaansk en in stazjêre ûndersykje te litten hoe’t de marketing en kommunikaasje oanpast wurde moat.

Yn 2018 komme der nei ferwachting hiel wat ynternasjonale besikers nei  Fryslân. Om’t campings faak allinne noch mar groeie op de ynternasjonale merk wol Watersportcamping Heeg dêr optimaal op taret wêze.

Webside yn fiif talen
De camping hie syn webside al yn it Dútsk en Ingelsk oerset en fansels prate de Frânske en Spaanske gasten dy’t Nederlân in besite bringe ek wol wat Ingelsk. Dochs is it gastfreonliker om ynformaasje ek yn har eigen taal te jaan. Dêrom kiest de camping derfoar om de webside no ek yn it Spaansk en Frânsk te fertalen. Boppedat ûndersiket in ôfstudearstazjêre op it stuit wat de camping oanpasse moatte sil op it mêd fan marketing en kommunikaasje.

Prachtige natuer
Fryslân kin Spaanske en Frânske gasten op it mêd fan floara en fauna fan alles oanbiede. "De natuer is hjir letterlik om ‘e hoeke”, seit eigener Karin Veldhuizen. "It prachtige Puollegebiet, it wetter dêr’t de camping fuort oan leit, biedt briedplakken oan bysûndere wetterfûgels. En op de camping binne ek in hiel soad fûgels, bijen en flinters”. Dat binne dizze ynternasjonale gasten net wend.

Ynternasjonale merk is in grutte kâns
"De Kulturele Haadstêd is in grutte kâns foar ûndernimmers yn de rekreative en toeristyske sektor. Foaral foar in camping as dy fan ús, dy’t him rjochtet op kultuer en natuer. We ha altyd ko-kreaasjes mei de kreative sektor. Bygelyks de ‘literêre caravan’, doe’t topskriuwers as Tommy Wieringa nei ús camping kamen. Of it ‘dûs-sjongen foar dummys’, ûnder lieding fan operasjongeres Lucette van den Berg. No komme der mei it each op de Kulturele Haadstêd mear projekten op de camping én de regio. Projekten dy’t út harsels al in link hawwe mei bygelyks Frankryk; lykas Mata Hari en de Giants”. Op kultureel mêd kinne we de Spaanske en Frânske gasten dus ek in soad biede. "No kinne we noch moai foarsichtich en rêstich ûnderfining opbouwe mei dizze nije doelgroepen”, fertelt Karin, "Sadat we der takom jier echt hielendal klear foar binne!”

Boarne: NRIT Media

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens