Ga naar inhoud
MAP
fy

Cast iepeningsfoarstelling Marijke Muoi bekend

De cast fan Marijke Muoi, de foarstelling dy’t yn it iepeningswykein fan Leeuwarden-Fryslân 2018 yn premjêre giet, is kompleet. “Ik kin no wurkje mei akteurs mei wa’t ik al lang dreamde wurkje te kinnen. We ha se hiel presys op har rol útsocht, wêrtroch’t it no hielendal kloppet”, seit regisseur Sjoeke-Marije Wallendal, dy’t fan novimber ôf fulltime mei de cast repetearje sil yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. Marijke Muoi is ûnderdiel fan Under de Toer, ûnderdiel fan it haadprogramma fan LF2018. 

Marijke Muoi, stammem fan hast alle hjoeddeiske Europeeske keningshuzen, lit it publyk belibje wat har yn 1795 oerkommen is, yn de tiid fan it ûntstean fan ús hjoeddeiske demokrasy: de skeining fan har grêf. Frjemd genôch is dizze belangrike episoade dêrnei konsekwint fuortstoppe. De oare tsien personaazjes dy’t we yn dizze foarstelling moetsje, nimme it publyk oan de hân mei de Grutte Tsjerke fan Ljouwert yn, dêr’t se ûnder de eagen fan Marijke Muoi har ferzje fan it ferhaal fertelle.

Yndrukwekkende cast
Wallendal har foldwaning is begryplik. Op de castinglist skitterje in tal bekende nammen. Sa wurdt de rol fan Marijke Muoi fertolke troch de fan orizjine Fryske Joke Tjalsma, bekend fan ‘De gelukkige huisvrouw’, ‘Nynke’ en de Frysktalige film ‘Bak’. Of Paul R. Kooij, dy’t Eise Eisinga spilet. Kooij spile earder ûnder oare yn ‘Ja zuster, nee zuster’ en ‘Het Pauperparadijs’. 

Dette Glashouwer (ôfkomstich út Hylpen) makke mei it selskip ‘Suver Nuver’ in soad teäterfoarstellingen en wûn yn 2012 de Mus mei ‘Geld voor Beginners’. Yn Marijke Muoi ferfollet se de rol fan Klaasje Abes Kamstra, dy’t oait noch foar Maria Louise soarge hat. De rol fan Abraham Staal, dy’t foar it begjinsel fan gelikenens en frijheid striidt, wurdt spile troch Rogier in ‘t Hout, dy’t ûnder mear diel útmakke fan it RO Theater, Toneelgroep Amsterdam en dy’t we no alle dagen sjogge yn ‘Het Klokhuis’.

De Frânske akteur Raphaël Mars, dy’t yn Parys de toanielskoalle folge hat, him al by syn oplieding yn Barcelona spesjalisearre yn ûnderfiningsteäter en diel is fan ynternasjonale teäterselskippen, spilet de rol fan de Frânske soldaat, dy’t him mei syn ‘oare achtergrûn’ besiket steande te hâlden yn Fryslân. 

Net te missen oare nammen fan de cast binne Martijn de Rijk (û.o. Noord Nederlands Toneel, Toneelgroep Amsterdam), Ludo Hoogmartens (út België ôfkomstich en bekend fan û.o. Katarakt, Het Zuidelijk Toneel), Albert Secuur (û.o. Noord Nederlands Toneel), Pleun de Roode (û.o. Elle Est Belle), Michaël Bloos (û.o. Nieuwe Helden en ‘Brekber’ en ‘Fabelkracht’ fan Tryater) en de út Fryslân ôfkomstige akteur Bart Harder (û.o. Nationaal Toneel ‘As you like it’). Under regy fan Sjoeke-Marije Wallendal en artistike lieding fan Jos Thie, mei fideokeunstner Arjan Klerkx, lûdskeunstner Bo Bruijs en teäterfoarmjouster Mirjam Grote Gansey, soargje se foar in spektakulêre transformaasje fan de Grutte Tsjerke en prikelje alle sintugen yn in meislepende ûnderfining.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens