Ga naar inhoud
MAP
fy

Circus Adje: Sjoch ris wat ik kin!

LJOUWERT – Trúkjes dwaan op dyn spacescooter, de show stelle mei in spetterjende hiphopshow of in libbene piramide fan minsken meitsje. Wat is dyn talint datst ûnder Ljouwert-Fryslân 2018 sjen litte wolst? Alle learlingen fan groep 5 en 6 yn de gemeente Ljouwert wurde útdage om mei te dwaan oan ‘Circus Adje’ fan Kunstkade. Dêr kinne se yndruk meitsje mei harren talinten, óf dy just ûntdekke!

“Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 moat in feest wurde foar elkenien, dus ek foar bern”, fertelle projektlieders Jildou Tjoelker, Onno Spreij en Sabine de Jong fan ‘Circus Adje’. Bern brûzje faak fan de enerzjy, binne rjocht foar de raap en fantasearje der goed op los. “Dat binne wichtige yngrediïnten foar bygelyks in bysûnder teaterstik of in moai dûnsspektakel. Je kinne dêrom net jong genôch mei kultuer begjinne.”

Yn septimber 2017 wurdt tegearre mei sirkus Saranti it startskot jûn foar ‘Circus Adje’. “Bern meie yn ‘Circus Got Talent’ sjen litte wat se allegear kinne”, fertelt Jildou. De moannen dêrnei wurde der ferskate kulturele aktiviteiten op skoallen en yn wenwiken organisearre. En dêr wurde bern, jongeren en harren buertgenoaten útdage om ek sels ris te aktearjen, dûnsjen of sjongen op in echt poadium.

Meielkoar optrede

”Wy wolle bern mei Circus 2.0 ûntdekke litte watfoar talinten se hawwe en hoe leuk it is om dat oan oaren sjen te litten. Dêrom geane akteurs, keunstners en dûnsers by skoallen en buerten lâns om workshops te jaan”, leit Onno út. De kâns bestiet dat der in echte hiphopper, beatboxer en graffitikeunstner op skoalle lânskomme foar in optredem. En dêrnei meie de bern it sels besykje en sille se meielkoar in foarstelling meitsje.”

‘Circus Adje’ wurdt yn ‘e maitiid fan 2018 spetterjend ôfsletten mei it Adje Festival. “Dat wurdt in geweldich festijn by Winkelpark De Centrale wêr’t bern hearlik fan teater, dûns, muzyk, keunst en lekkere hapkes genietsje kinne.”

Ekstra foar ynternet

“Bern hoege trouwens it poadium net op at se dat echt net wolle”, stelt Jildou gerêst. “Miskien fine guon learlingen it wol folle leuker om it dekôr te ûntwerpen of de kostúms te meitsjen. Dêr kinne se ek hiel goed mei helpe.” It wichtichste fan ‘Circus Adje’ is dat bern wille hawwe en leuke dingen belibje, want pas dan kin harren kreativiteit hielendal ta bloei komme.

Sabine ûnderstreket dat Circus Adje net allinne foar basisskoallebern bedoeld is, mar foar in bredere doelgroep. “We wolle yn in letter stadium ek de wenwiken yngean, mei it doel om minsken entûsjast te meitsjen foar kultuer. Har sjen litte wat se sels kinne en hoe’t se mei har allen - jong en âld - wat moais delsette kinne.” Ferbining sykje tusken de minsken spilet dus in wichtige rol. “En dat kinne je mei sirkus, teater of dûns hiel goed dwaan”, fynt Onno.

Circus Adje wol minsken entûsjast meitsje foar 2018, mar wol mei de ynstek dat minsken ek néi Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018)ynspirearre reitsje om elkoar op te sykjen en meielkoar moaie foarstellings te meitsjen. “Kunstkade sil dêr mei sirkus Saranti, BV Sport, kultuercoaches en oare partijen ek fierder mei helpe,” beslút Jildou.

Wa wie Adje?

Adje Lambertsz libbe oan it ein fan de 16e iuw. Hy wie boargemaster fan Ljouwert. Yn dy tiid hearsken de Spanjaarden oer Fryslân. Kening Filips II hearske yn Fryslân yn dy tiid. Yn Ljouwert is op dat stuit in groep Spaanske soldaten yn it Blokhús legere. Woeste Ljouwerters hawwe it plan om it Blokhús te bestoarmjen, mar boargemaster Adje freesd in grut bloedbad. Dêrom betinkt er in list.

Hy lit yn Ljouwert katolike geastliken út kloasters en tsjerken helje. Ek wurde de froulju en bern fan de Spaanske soldaten sammele. Dizze minsken brûkt Adje Lambertsz om de soldaten op ôfstân te hâlden. De Blokhússoldaten doare dêrtroch net mear te sjitten en jouwe harren oer. Hjirtroch soe Ljouwert dus sûnder bloedferjitten befrijd wêze fan de Spaanske oerhearsking. (Bron: Histoarysk Sintrum Ljouwert)

Nederlânske tekst: Froukje Sijtsma (Dit artikel stie yn ferkoarte foarm yn de Fryske wykblêden fan NDC mediagroep, op woansdei 5 april 2017).

De foto's bin makke troch Wietze Landman.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens