Ga naar inhoud
MAP
fy

Club2018-lid Boubedriuw Lont bringt ‘Lân fan Taal’ yn praktyk

“By ús op It Bilt is it in wier ‘Lân fan Taal”, laket direkteur Jetze Lont fan Boubedriuw Lont út Sint-Anne. “Us meiwurkers prate ûnderinoar Frysk, Biltsk, Ljouwerters en Nederlânsk, sûnder Babyloanyske spraakbetizing. It is hjir in soarte fan Lont fan Taal”, seit Lont gekjeiend. Okkerdeis sette Lont de earste skep yn ‘e grûn foar it te realisearjen taalbelibbingssintrum fan LF2018-projekt ‘Lân fan Taal’.

Boubedriuw Lont hat in stikmannich bouprojekten yn Ljouwert rinnen. “De stêd is op it stuit folop yn ûntwikkeling, hielendal no’t Ljouwert-Fryslân 2018 op kommendeweis is. Al tsientallen jierren wurdt der praat oer bebouwing oan it Aldehoustertsjerkhôf. Yn it ramt fan LF2018 wurdt dy winsk no yn ferfolling brocht.

“It is in busûnder plak om in byldbepalend gebou del te setten. Ik bin my der dan ek tige fan bewust dat we op dat plak in stikje skiednis skriuwen gean”, fertelt Lont. “Dizze nijbou wurdt ek in hiel spannend boutechnysk projekt foar ús. We sille boppe in besteande parkearkelder bouwe, dus sûnder djippe ûnderlizzende fûndearring.”

It besikerssintrum, dat tsjinoer de Aldehou boud wurdt, is ûntwurpen troch de yn Fryslân berne arsjitekt Stefan Prins fan arsjitekteburo Powerhouse Company út Rotterdam. It moat tidens LF2018 in sintraal plak wêze wêr’t minsken taal en meartaligens op ûnderskate wizen belibje kinne.

“Prins is yn syn ûntwerp útgien fan sirkulêre bebouwing,” leit Lont út. “Wy hawwe de ôfrûne jierren sels ek al in protte ûnderfining opdien mei it duorsum brûken fan boumaterialen. Ek dêrom is dit in bysûnder projekt foar ús. En fansels is it in projekt ûnder hege tiidsdruk, dus dat hâldt de spanning der goed yn.”

Lont wennet mei syn húshâlding yn it sintrum fan Ljouwert. Hy rydt dan ek alle dagen lâns it plak wêr’t it besikerssintrum oan it Aldehoustertsjerkhôf komt te stean. “Elke dei sjoch ik dêr it boerd fan ‘Lân fan Taal’ stean: Taal jout betsjutting; Taal geeft betekenis; Language gives meaning. Dat fielt foar my ek echt sa.”

As echte Biltker praat Lont Biltsk. “Dêrneist praat ik ek Frysk en fansels Nederlânsk. Hjir yn ‘e stêd praat ik oars altyd Biltsk, it liket wol wat op it Stedsfrysk.” Syn memmetalen binne wichtich foar him. “Taal is foar my de drager fan ús kultuer. As kristen bygelyks reitsje Fryske bibelpassaazjes my djipper as wannear’t ik dyselde stikken yn it Nederlânsk lês. It hat in hiele oare ympakt.”

Nederlânske tekst Froukje Sijtsma.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens