Ga naar inhoud
MAP
fy

Cultuurbarbaren de Ontsnapping

Der rinne 58 kultuerbarbaren troch it kulturele hert fan Ljouwert. Se besykje kultuerguod te stellen en sa Ljouwert-Fryslân 2018 skea te dwaan. Bern fan de Dr. Algraskoalle yn Ljouwert ûntwikkelen tegearre mei 8D Games de app Cultuurbarbaren de Ontsnapping. It is oan de jeugd om Kulturele Haadstêd te rêden troch de barbaren wer feilich op te sluten. 

“De app is foar it grutste part troch de bern sels makke, dat komt net faak foar”, seit Maarten Stevens, direkteur fan 8D Games, it bedriuw dat de app ûntwikkele. “Se hawwe de lokaasjes bepaald, it tema betocht en alle barbaren tekene. Dy hawwe wy dêrnei omset yn 3D-modellen. Se binne allegearre oars. Guon sjochst echt yn augmented reality ast dyn telefoan op se rjochtest. Moatst se dan fange troch netten et smiten.” Mei augmented reality sjochst troch de kamera fan dyn telefoan de omjouwing op dyn byldskerm, wêr’t de app firtuele dingen oan tafoeget. “De firtuele boeven besykje harren dan bygelyks efter in echt bankje te ferstopjen.”

Barbaren binne spannend
De app is fuortkaam út in wedstriid fan de berneried fan de gemeente Ljouwert. Alle jierren meie seis basisskoallen in idee ynstjoere. Yn april 2017 wûn it idee fan de Dr. Algraskoalle út Camminghabuorren. De ynstjoering waard priizge om sawol de kulturele wearde as de link dy’t mei Ljouwert-Fryslân 2018 lein wurdt. Mei as ynspiraasjeboarne de bekende Pokémon Go-app yn ‘e bûse, gienen de bern oan ‘e slach. “We hienen earst betocht om aliens te meitsjen dy’t gebouwen út ‘e stêd ûntfiere”, leit Anna Geelbischop, ien fan de learlingen, út. “Mar we fûnen barbaren dochs spannender.” Klasgenoat Ellen Herder follet har oan: “Mei dizze app hoopje we dat bern mear bûten komme. Moatst echt troch de stêd rinne om alle boeven te fangen.” 

Yn net mear as in healjier hawwe de bern tegearre mei 8D Games út Ljouwert de app fan idee ta werklikheid brocht. Wa’t it doart te spyljen, komt lâns ferskate kulturele punten yn ‘e stêd, lykas de Aldehou, de Prinsetún en minder bekende plakjes as it eardere iepenloftswimbad de Inktpot. Op lokaasje moatte puzzels lykas rebussen en koadekreaker oplost wurde. Wa’t úteinlik alles oplost en alle boeven fongen hat, komt op in ranglist en kin himsels fergelykje mei oare winners.  

De app is trouwens net allinne foar 2018 makke. “De Aldehou en de Prinsetún bliuwe ek nei 2018 gewoan bestean”, seit Anna. De app bliuwt dus leuk. Op elke telefon reagearje de boeven oars en komst oare puzzels tsjin. Dêrtroch is it ek in aardichheid om it faker te spyljen.”

Serious game
Cultuurbarbaren de Ontsnapping is in saneamde serious game. Dat betsjut dat it net samar in spultsje foar de ûntspanning is, mar datst der wier wat oan hast omdat’st der bygelyks wat fan learst of mear troch beweechst. “We sjogge dit soarte games in protte werom yn de soarch”, leit Maarten út. “Bygelyks foar revalidaasje of tsjin in sykte as Alzheimer. It is in prachtich en krêftich middel om minsken mei te helpen. Ek yn it ûnderwiis kin it hiel handich wêze. Bern fine it leuk om te gamen en se leare der ek noch ris fan. Kinst der dingen mei dwaan dy’t oars dreech of sels gefaarlik binne om te dwaan.” Lykas bygelyks it fangen fan kultuerbarbaren. 

Njonken 8D Games en de Dr. Algraskoalle hawwe Het Ware Noorden, Biblioteek Ljouwert, BV Sport en it Mienskipsfûns bydroegen oan it ûntwikkeljen fan dizze game.  

Tekst & foto's: Mark Grupstra

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens