Ga naar inhoud
MAP
fy

,,De ekonomyske ympakt is it belangrykst”

3 Oktober wie in mylpeal foar Ljouwert-Fryslân 2018. Op it Gouverneursplein yn Ljouwert waard it programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 presintearre. Elkenien kin it op 2018.nl besjen en de kaartferkeap is fan start gien. Tiid om werom te sjen, mar foaral ek om foarút te sjen. Dat dogge we mei ús haadsponsors. 

Leeuwarder OndernemersFonds
Cees Anceaux, adviseur
Pieter Douma, foarsitter

Tidens Ljouwert Culinair 2016 tekene it LOF it psonsorkontrakt mei LF2018. Fan dat momint ôf is LOF offisjeel haadsponsor. “Dizze gearwurking lit sjen dat alle ûndernimmers yn de gemeente Ljouwert Kulturele Haadstêd stypje”, leit Cees Anceaux, adviseur, út. “It is noch net earder bart tidens in Kulturele Haadstêd dat echt alle ûndernimmers belutsen wienen.”

It LOF hat in goede reden om haadsponsor te wêzen. “Wy binne in unike organisaasje, dy’t bestiet út alderlei ferskillende ûndernimmers, fan grut oant lyts”, giet Pieter Douma, foarsitter, fierder. “De ekonomyske ympakt dyt’ Ljouwert-Fryslân 2018 ha sil, is enoarm. Dêr kin ús efterban fan profitearje. Foar ús is it dan ek net allinne wichtich wat der yn 2018 bart, mar foaral wat it bliuwende ekonomyske effekt is.”

It is oan de efterban sels om de fruchten fan it sponsorskip te plôkjen. “Sa kinst in ekstra stikje belibbing oan dyn ûndernimming tafoegje. Der binne ferskate ûndernimmers dy’t sparaksjes begûn binne of it logo fan Kulturele Haadstêd yn harren produkten ferwurkje. In hiel goed foarbyld fan in ûndernimmer dy’t der it maksimale úthellet is Peugeot Haaima. Dy set bussen yn en is al fan dei ien ôf mei LF2018 dwaande.”

No’t it programma bekend is, binne de hearen it unanym iens oer wêr’t se it measte nei útsjogge: “De Reuzen”, fine se beide. “It is noch net earder slagge om dy nei Nederlân te krijen. Ljouwert flikt it him gewoan”, seit Cees. “Ek al is it in evenemint dat mar ien kear plakfynt,” giet Pieter fierder, “it sil foar in enoarme boost soargje. Sjoch mar nei Serious Request 2013, dêr prate de minsken noch altyd oer. Wy meitsje ús perfoarst gjin soargen oer 2018. Der binne in protte goede aktiviteiten mei ynternasjonale útstrieling. Dit moat in motor wêze om de ekonomy posityf te beynfloedzjen.”

Lês ek it ferhaal fan de ING.   

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens