Ga naar inhoud
MAP
fy

De fergetten Nassau

De dwersbalken fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert kreakje troch de stoarm dy’t om de tsjerkemuorren hinne raast. Achteryn de tsjerke, ûnder de gigantyske glês yn lead-rúten stiet it grêf fan Willem Lodewijk van Nassau-Dillenburg, better bekend as Us Heit, en syn frou Anna van Nassau der stiltsjes by. Foar it grêfmonumint steane Jan-Dirk van Ravensteijn en Ella de Jong, folslein yn sechstjinde-iuwsk kostuum. 

“Doe’t ik tritich jier lyn yn Ljouwert kaam te wenjen”, begjint Jan-Dirk, “seach ik de doar fan de Grutte Tsjerke ris iepen stean. Doe’t ik der ynkaam, tocht ik dat it grêf fan in adellike famylje wie. De doetiidske koster fertelde my oer de Nassaus dy’t der lizze. Ik wie fernuvere dat dit ferhaal hast net yn de skiednisboeken stiet. Doe besleat ik de Nassaus op de kaart te setten.” Tsien jier letter, nei djipgeand ûndersyk nei ûnder mear de stambeammen fan de foarstlike famylje, begûn de teatermakker mei stedskuiers. “Minsken kinne kieze mei hokker personaazje út de skiednis fan de Nassaus se op paad wolle.”

It feit dat Us Heit fan 1587 oant 1620 steedhâlder fan Ljouwert wie, wie net de iennige reden dat it pear dêr wenne. “De measte minsken kenne Us Heit wol, mar Anna is de fergetten Nassau. Dat is ûnterjochte. As sy der net west wie, wienen de Nassaus noait nei Fryslân kaam.” It leafdespear wie nammentlik direkte famylje fan elkoar. “Yn dy tiid wie ek al bekend dat de kâns op bern mei in oanberne ôfwiking grut is by dit soarte relaasjes. De famylje akseptearre it houlik net. Hja praten fan in bloedsûnde. Ljouwert wie fier fuort fan dy famylje, dus dêr waard it paleis boud dat no noch altyd bekend stiet as it Stadhouderlijk Hof.”

Fan 25 novimber ôf lûke Ella en Jan-Dirk as Anna en Us Heit troch de provinsje om sjen te litten wa’t dizze frij ûnbekende foarsten wienen. Essinsjeel foar it duo is de histoaryske sekeurheid fan de foarstelling. “It stik spilet him ôf oan de yttafel. We spyle it al ferstoarne echtpear”, leit Ella út. “Allinne wit it echtpear net dat it publyk se sjen en hearre kin. We rabje dêrom wat oer de taskôgers. Dat liedt ta hilaryske mominten. Dêrneist beprate we ek hiele persoanlike ferhalen oer it ferline en it houlik fan Anna en Us Heit. De man-frouferhâlding wie doe net sa oars as hoe’t dy no is.” 

It fers ‘Nooit een kind’ is foar Jan-Dirk en Ella ien fan de hichtepunten út de foarstelling. “Dat fers hat in dûbele betsjutting”,  leit Jan-Dirk út. “As earste hawwe Anna en Us Heit noait in bern krigen. Anna is stoarn tidens in nei alle gedachten swangerskip bûten de liifmoer. Dêrneist hawwe se beide troch harren addellike status noait bern wêze kinnen.” 25 novimber is de earste foarstelling yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. “Dêr is it pear op 25 novimber 1587 troud. In prachtige oanlieding foar de premjêre.”

It grêfmonumint wêr’t Jan-Dirk en Ella steane is in replika fan it orizjineel. Achter harren is in muorreskildering wêrop’t te sjen is hoe glorieus it oarspronlike monumint wie. “Yn 1795 is de oarspronlike tombe fernield”, ferklearret Jan-Dirk. Resultaat wie de replika en de muorreskildering yn de Grutte Tsjerke. Yn 1906 waard it stânbyld fan de steedhâlder op it Gouverneursplein yn Ljouwert pleatst. 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens