Ga naar inhoud
MAP
fy

De Friesland stimulearret fitaliteit yn programma LF2018

LJOUWERT – De Friesland Zorgverzekeraar is de nije saaklike partner fan Ljouwert-Fryslân 2018. Op it kantoar fan De Friesland yn Ljouwert waard fannemiddei de gearwurkingsoerienkomst tekene. De soarchfersekerder rjochtet him it kommende Kulturele Haadstêdjier tegearre mei Stichting De Friesland op ít evenemint dat in sûnere libbensstyl as doel hat.

De Friesland en Stichting De Friesland ferbine harren beide oan it ynternasjonale projekt European Sport For All Games (ESFAG). “Dit fiif dagen duorjende evenemint yn 2018 is by útstek in projekt dat perfekt oanslút by ús filosofy”,  seit Bert van der Hoek, direksjefoarsitter fan De Friesland Zorgverzekeraar. “We stimulearje in sûne wize fan libjen en stribje dernei om de fitaliteit ûnder de Friezen te fergrutsjen.”

“European Sport For All Games bestiet by de graasje fan al dy hûnderten sporters út binnen- en bûtenlân”, seit John Bonnema, saaklik lieder fan Ljouwert-Fryslân 2018. “Wy binne bliid mei de stipe fan De Friesland en Stichting De Friesland foar dit projekt.”

Stichting De Friesland
Stichting De Friesland is de ANBI-stichting (Algemeen Nut Beogende Instelling) fan De Friesland Zorgverzekeraar. Se stipet maatskiplik belutsen inisjativen yn Fryslân. De stichting sjocht European Sport for All Games as goeie start en stimulâns foar in strukturele bydrage op it mêd fan fitaliteit en sûnensferbettering: foar de Fryske befolking no, straks en yn ‘e heine takomst.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens