Ga naar inhoud
MAP
fy

De leukste kaart fan Ljouwert

Ljouwert - De leukste plakjes fan Ljouwert binne net langer in geheim. Spesjaal foar Kulturele Haadstêd betocht Dieuwertje Slijkerman in USE-IT kaart. In kaart wêrop’t de meast bysûndere plakjes fan de stêd steane, faak krekt bûten de bekende hotspots, troch lokale bewenners oanret oan alle (ynternasjonale) toeristen dy’t takom jier nei Ljouwert komme.

“It begûn doe’t ik nei Praach gie. In freondin fan my sei dat har broer in hiele leuke kaart fan de stêd hie. It wie in USE-IT kaart. Koart sein, in kaart makke troch de befolking, yn dit gefal fan Praach, foar jonge toeristen. Sa kamen we op hiele leuke plakjes wêr’t we mei in ‘normale’ kaart nea kommen hiene. Der stie bygelyks in diskoteek op. Doe’t we dy opsochten kamen we yn in lyts steechje terjochte, in plak wêr’t je gjin diskoteek ferwachtsje. We twifelden earst noch oft dit wol it juste plak wie. Doe’t we dochs mar op ‘e doar kloppen, siet der in prachtige tint efter mei acht biljerttafels en in gigantyske bar.”

“Doe’t ik yn 2014 foar myn stúdzje yn Ljouwert telâne kaam, murk ik dat der spitigernôch noch gjin USE-IT kaart fan dizze stêd wie. Doe haw ik besletten dy sels te meitsjen. Tidens Kulturele Haadstêd moat elkenien der gebrûk fan meitsje kinne.”

Gearwurking

“Fan de organisaasje fan USE-IT haw ik in hiele steapel kaarten krigen. Der wurde bêst wol wat easken oan steld. De foarkant moat de stêd ferbyldzje en de kaart moat 16,5 by 16,5 sentimeter wêze. Dêrneist binne der fjouwer wichtige tema’s: ‘Act like a local’: hokker gewoantes binne der? ‘Toeriste klassiker’: binne de typyske attraksjes de muoite wurdich? ‘5 minutes of history’: in hiel koarte, luchtige skiednisles fan de stêd en ‘praktyske ynformaasje: oer iepeningstiden, iepenbier ferfier ensafuorthinne.”

“Op dit stuit wurkje ik al mei ferskate minsken gear en krij ik faak tips fan minsken dy’t ik praat. Ik wurkje bygelyks gear mei Henk Leutscher, fan ‘A Guide to Leeuwarden’. It is altyd moai om nije lokaasjes te ûntdekken. Wat is der moaier as dy dan wer mei de rest fan de wrâld diele te kinnen?”

Toeristen en moerkes

Dieuwertje hat al in aardich listje gearstald fan bysûndere lokaasjes. Sa sille we Auke Rauwerda, Spellekijn, it Rengerspark en Paddy’s deryn weromfine. Mar wat moat in toerist no mei in boutsje fan Rauwerda? “Neat, mar it is in tige bysûndere winkel om ris te sjen. It is in doalhôf fan keammerkes en gonkjes wêryn’t je sels nea wat fine kinne soenen. Wannear’st in produkt omskriuwst witte de meiwurkers dy lykwols fia allegear trepkes en gonkjes nei it juste product te bringen. Dat is gewoan in wiere belibbenis.” Benijd nei de fierdere ynhâld? “De bedoeling is dat de kaarten nei de simmer klear binne en dan ek al útjûn wurde yn bygelyks Paddy’s of it VVV. Dêrneist binne alle kaarten fergees te downloaden.”

Mear ynformaasje oer de kaarten: www.use-it.travel

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens