Ga naar inhoud
MAP
fy

“De mienskip op myn skip”

Sa’n tachtich prachtige sylskippen, 350 minsken yn oplieding, 300 frijwilligers, 300.000 besikers, tsientallen ferskillende nasjonaliteiten en hûnderten oare boaten yn 4 dagen. Sa moatte The Tall Ships Races 2018 yn Harns der takom jier útsjen gean. It evenemint is ûnderdiel fan it haadprogramma fan LF2018 en wurket nau gear mei oare inisjativen.

“We binne al drok dwaande mei de organisaasje,” begjitnt Cor Boots, projektdirekteur fan The Tall Ships Races 2018. “Sa sille Jan Reier Arends en ik kommende freed (21 july, red.) nei Turku yn Finlân, wêr’t in protte skippen fan de The Tall Ships Races 2017 dan lizze. Dêr sille we kampanje fiere foar takom jier. De ynskriuwing foar 2018 is krekt iepene, en no al hawwe we in pear hiele moaie skippen op de list. Tink oan de Sørlandet út Noarwegen, Fryderyk Chopin út Poalen, de Eendracht út Nederlân en Atyla út Spanje.”

Tiid foar faktermen
Der binne fjouwer klassen wêryn’t de Tall Ships yn yndield binne: A, B, C en D. A en B binne skippen mei in klassike tugaazje, C en D mei moderne túgaazje. It ferskil yn tugaazje kinst sjen oan de silen. Skippen mei moderne tugaazje hawwe trijehoekige silen dy’t yn de lingte fan it skip rinne. It ferskil tusken A en B sit dan wer yn de grutte. “Skippen fan de A-klasse binne langer as 40 meter, dy fan de B-klasse binne koarter. Itselde jildt foar it ferskil tusken C en D.”

Ynteraksje boppe snelheid
“Yn feite is de race yn syn basis ûnearlik, om’t de grutte skippen folle mear oerflak oan syl, en dus snelheid hawwe, as de lytsere. Dêrom is der in formule dy’t we nei de race loslitte om de echte winner te bepalen. It skip dat as earste oer de finish komt, sil dus net altyd de winner wêze. Fansels krijt dy wol in priis. Wol wol ik ûnderstreekje dat it wichtichste oan it hiele evenemint net de race, mar it gearwurkjen fan de bemannig is. De haadpriis giet dan ek nei it skip dat it meast oan ynteraksje tusken de minsken yn oplieding dien hat.”

Leartrajekt
“De Races binne in hiel maatskiplik evenemint,” leit Cor  út. “In eask dy’t oan de Tall Ships steld is, is dat de bemanning foar minstens de helte út jeugd tusken de 15 en 25 jier bestiet. Op elk skip fynt der in folslein leartrajekt plak. It grutste part fan de jongeren sit noch yn in faze, dat se noch net witte wat se wolle. Se komme mei hingjende skouders oan board en geane mei de holle omheeh wer nei bûten. Elkenien moat in kear nachts de wacht hâlde, in kear yn de kombuis wurkje, ensafuorthinne.”

Ynternasjonaal feest
“Dêrneist hawwe je op in protte skippen te meitsjen mei ferskillende nasjonaliteiten. Der wurdt dus meastal yn it Ingelsk en mei gebaren kommunisearre. Der wurdt in hiele soad gearwurke. Tink bygelyks oan it hisen fan de silen. Dat kinne je net allinne. Je hawwe minsken nedich dy’t it syl fysyk hise, mar ek ien dy’t lieding jout en derfoar soarget dat de silen goed steane. Je sjogge de jongeren echt yn ien oant twa wiken opgroeien, dat is fantastysk. De Britse Lord Nelson wurket sels mei minsken mei in beheining.”

Net allinne de Races binne in wedstryd, mar ek de organisaasje kent in sûn konkurearjend elemint: it oantal minsken yn oplieding. “Yn 2014 hawwe we 337 trainees witte te krijen. Dat wie doedestiids in rekôr, mar dat is no ferbrutsen. Foar 2018 wolle we foar de 350 gean. 350 Fryske jongeren. Oer mienskip sprutsen. We sille ek wol foar de grap: de ‘mienskip’ op ‘myn skip’.”

Mear as allinne skippen
“Takom jier silst tusken 3 en 6 augustus lykwols net allinne in oergryslike mannichte skippen yn Harns oantreffe. Der sille in soad oare dingen organisearre wurde. Sa wurkje we mei Lân fan Taal oan in mienskiplik projekt, neamd The Sea! The Sea! Ek krije we ien fan de fonteinen fan 11Fountains yn de Harnzer haven.”

“Dêrneist hawwe we in parade yn ‘e haven, mei ale bemanningsleden fan alle skippen. In bytsje sa as by it Rotterdamske Karnaval, mei allegearre optredens lâns de wâl. Guon skippen hearre ta de marine fan de lannen wêr’t se weikkomme. De bemanning rint dan yn moaie kostuums. Dat is fan himsels al in hiele ûnderfining om te sjen.”

De haven wurdt no meastentiids bewenne troch de skippen fan de Brúne Float. Ek dêr wurkje we in soad mei gear. We sjogge dernei oft we dy takom jier allegearre yn ien haven lizze litte kinne en der bygelyks shantykoaren optrede litte. Dat is in prachtige kombinaasje.”

Feiligens
Oer de feiligens sit Cor net yn: “We wurkje in soad gear mei de gemeente. It is in echt famylje-evenemint, dêr’t elkenien aardichheid oan hat. It wurdt in hiel iepen feest: fergees tagonklik, gjin dranghekken en elkenien is wolkom.”

 

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens