Ga naar inhoud
MAP
fy

De Reis as driuwtsjil foar feroaring

Wurkest oan in projekt of hast in idee wêrmei’st in maatskiplike feroaring ta stân bringe wolst? Dan wol De Reis dy helpe. By De Reis geane inisjatyfnimmers, makkers en ‘in’ mienskip meiinoar oan de slach om in maatskiplike feroaring yn beweging te krijen troch it ynsetten fan keunst en kultuer.

Alles wat ûnbesprekber liket komt op tafel, ferbining stiet sintraal en der mei lake wurde tidens De Reis. De makker docht tegearre mei de inisjatyfnimmer ûndersyk, stelt fragen en giet op syk nei talinten en ynteresses binnen in Mienskip. Fanút in mienskiplike urginsje bouwe hja dêrnei, tegearre mei dy Mienskip, oan in keunstwurk, foarstelling, optreden of in oare keunstfoarm. De Reis leauwt yn de krêft fan keunst en kultuer om sa in feroaring ta stân te bringen binnen in Mienskip mei de Mienskip. De Reis helpt, begeliedt, biedt in netwurk en is it kompas foar inisjatyfnimmers en makkers dy’t wurkje oan projekten dy’t oansletten binne by De Reis.

Past dyn (besteande) projekt perfekt by De Reis mar kinst wol wat help brûke of hast in idee dat past by De Reis meld dy dan oan fia www.dereis.frl. Meist dyn idee of plan yntsjinje oant ‘e mei 1 septimber mar it leafst sa gau mooglik! De Reis is in ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018 en in inisjatyf fan Keunstwurk.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens