Ga naar inhoud
MAP
fy

De ûnbekende megaster en Anneke oer Rients

De tredde tongersdei fan de moanne komt deroan: moarn, 21 septimber, fynt yn Neushoorn it moanlikse 2018 Café plak. Mei in programma dat wat ús oangiet stiet as in hûs. Bist fan herten wolkom om fan 17.00 orer ôf del te kommen. Sa as altyd krijst it earste drankje fan ús. 

We sjogge foarút op de programmapresintaasje fan 3 oktober oankommend en it kulturele haadstêdjier dat oer in pear moanne mei alle krêft losbarst. En we sjogge werom. Mei sjongeres Anneke Douma – fan, yndie, Ut Woanskip – wurdt it libben en wurk fan de okkerdeis ferstoarne Rients Gratama besprutsen. 

En hoe is it mei de pimelfontein fan teatergroep De Paupers? De Warkumers binne fan de partij en nimme de makette fan de ferneamde ‘tolvde 11Fountain’ mei. Mei de festivals Psy-Fi, Into The Grave/Cityrock en Glemmer Beach sjogge we werom op it ôfrûne jier en sjogge we foarút nei de XL-edysjes dy’t se yn 2018 delsette sille. 

Ek op it poadium: it bysûndere dûbellibben fan Carlos Hogendorp. Meastentiids in relatyf ûnbekende stedswacht yn Ljouwert, mar yn bertelân Brazilië in ferneamd popster. Carlos skoart dêr sels hit nei hit. Oer hoe’t hy syn stêd én Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 yn it lân fan de samba promoat…

De provinsje Fryslân rikt de Iepen Mienskips Fûns Bonussen út oan mienskipsprojekten dy’t in ekstra steuntsje yn ‘e rêch fertsjinje. 

En special guest is... Nico Dijkshoorn. Skriuwer, DWDD-dichter, kolumnist, muzikant en by alles wat er docht: sa skerp as in mes. Yn Neushoorn fertelt de eardere meiwurker fan de biblioteek yn Amstelveen oan it slot fan it kafee oer syn bân mei Ljouwert en Fryslân. En fansels jout er in optreden. 

De tagong is lykas altyd fergees. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens