Ga naar inhoud
MAP
fy

De ûntwikkeling fan Feel the Night

Nei oanlieding fan it ôfskiedsynterview yn de Leeuwarder Courant mei Lieven Bertels, fuortgeand artistyk lieder fan LF2018, binne oan de stichting Feel the Night en de stichting LF2018 fan ferskillende kanten fragen steld oer de status fan it inisjatyf Feel the Night. Mei dit berjocht beëagje we dêr dúdlikheid oer te ferskaffen.

Ien fan de sintrale bidbookprojekten yn it winnende bidbook fan 2013 wie Feel the Night, betocht en laat troch Nynke-Rixt Jukema. It projekt hie as doel om bliuwend in yngreep te dwaan yn it Fryske Nachtlânskip. Tsjusterens is belangryk foar minske en dier. It projekt bestie út in artistike ûnderfining, mar kearn fan it projekt wie foaral in yngreep yn besteand ferljochtingsbelied fan gemeenten, provinsjes en ryk. Nynke-Rixt Jukema hat har ynset foar in suksesfol projekt en hat yn de kompetysjefaze ek ferskate oanfoljende wurksumheden dien om de kompetysje Kulturele Haadstêd te winnen.

'Fan skimer oant dage'
Om it projekt op gong te bringen, hat LF2018 yn de jierren 2014 en 2015 ynvestearre yn it ûntwikkeljen fan in útfieringsplan. Dat plan is meinommen yn de beoardielingsronde fan maart 2016, dêr’t in grut part fan de projekten grien ljocht krigen hat. Feel the Night hearde net ta dy projekten. Nei it oardiel fan de artistike lieding wie it oandiel beliedsmjittige beynfloeding fan oerheden ûnevenredich grut yn ferliking mei de artistike ûnderfining foar it publyk. By de beslútfoarming oer it programma is de kar benammen rjochte op projekten mei in sterke publyksûnderfining yn 2018.

Dêrmei is it programma Feel the Night ‘fan skimer oant dage’ net honorearre. De  stichting Feel the Night, oprjochte yn april 2015, hat de ambysje om it bewustwurden fan it belang fan tsjusterens te fersterkjen net loslitten. It Programma naar een Rijke Waddenzee (PRW) seach de mearwearde fan it programma en hat it mooglik makke dat fersterking fan de tsjusterens yn it Waadgebiet likegoed noch folop ynfolling krijt. Tsjusterens is goed foar de natuer en is ek út in toeristysk eachpunt  (nachtûnderfining) wei oantreklik.

PRW en Stichting Feel the Night ha ferline jier de krêften bondele en it inisjatyf nommen in yntinsjeferklearring op te stellen dêr’t se ynfolling mei jouwe oan twa spoaren: ljochtútstjit werombringe en it bewustwurden en belibjen fan tsjusterens en stilte.

Yntinsjeferklearring
Dizze yntinsjeferklearring is yn de Nacht van de Nacht yn 2016 troch mar leafst 43 partijen ûndertekene. Boppedat waard ein 2016 de Interreg- oanfraach Night Light honorearre. De provinsje Fryslân is hjirfoar leadpartner. Beide programma’s ha in soad oerlaap en dêrom binne se yntinsiver begûn gear te wurkjen. By de programma’s binne de provinsjes Grinslân en Noard-Hollân nau belutsen. De ynventarisaasjes foar reduksje fan ljochtútstjit binne foar in grut part klear en dizze hjerst binne de petearen mei de ûndertekeners om ta konkrete maatregels te kommen wêrby’t de ljochtútstjit werombrocht wurdt.

Op 19 en 20 oktober wurdt mei de Waddenacademie it sympoasium “Feel the Night” organisearre yn Kollumeroard, ûnderdiel fan it Dark Sky Park Lauwersmar.

Mear aktiviteiten
Underwilens wurde oare aktiviteiten taret. Mei ferskate partners jout de stichting Feel the Night ûnder de flagge fan UNESCO Werelderfgoed ynfolling oan de ambysje om de tsjusterens yn it Waadgebiet te fersterkjen en dêrmei by te dragen oan it belibjen fan it unike Waadgebiet. Dat befoarderet it natuerlik funksjonearjen fan de Waadsee en spilet yn op de toeristysk rekreative krêft fan it Waadgebiet.

De stichting LF2018 is bliid dat de ambysjes fan Feel the Night/Nynke-Rixt Jukema realisearre wurde. Feel the Night en LF2018 binne it deroer iens dat dit sukses foar in part tarekkene wurde kin oan de opbringst fan LF2018, troch de ynvestearringen yn de planfoarming. Tagelyk moat konstatearre wurde dat it beslút oer it net honorearjen fan it projekt troch LF2018 foar it stichtingsbestjoer en de inisjatyfnimmer in pynlik beslút west hat. Nettsjinsteande dizze tsjinslach hat de stichting Feel the Night mei PRW kâns sjoen om tsjusterens stevich op de kaart te setten en wurdt ûnderwilens mei in soad partners hurd wurke oan it fersterkjen fan tsjusterens. LF2018 wol mei klam sizze in soad respekt te hawwen foar it trochsettingsfermogen fan de stichting Feel the Night en is bliid oer de suksessen dy’t de stichting no boekt. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens