Ga naar inhoud
MAP
fy

De wearde fan de mienskip neffens Dwarskijkers

LJOUWERT - Keunstwurk en LAB LWD organisearje trije byienkomstem mei lêzings fan wittenskippers, keunstners en bestjoerders. Dy meie harren útsprekke oer útdagings dy’t se yn dizze tiid sjogge en diskusjearje oer de rol fan keunst en kultuer. Oars sein: wêrom is it sintrale tema mienskip fan Ljouwert-Fryslân 2018 sa urgint en hoe fertaalt him dat nei in kultureel programma?

‘Dwarskijkers’, sa’t it trijelûk neamd wurdt, nimt de mooglike spanningen en tsjinstellingen fan de iepen mienskip ûnder de loep en moat boustiennen leverje foar de nije ‘iepen’ mienskips- en keunstpraktiken. Publyk is fan herten wolkom om de lêzings by te wenjen. De tagong is 12,50 euro de lêzing en oanmelde kin fia www.keunstwurk.nl/dwarskijkers.

Boartlike dialooch

Keunstwurk en LAB LWD stribje nei in boartlike dialooch tusken de sprekkers en it publyk en brûke it spul ek as metafoar foar de beëage ynteraksje tusken keunst en maatskiplike ûntwikkeling. It earste lûk giet oer it spul, it twadde oer de spulregels en it tredde oer de knikkers.

Yn it earste lûk op 8 oktober, yn de ARKfryslân oan de Nieuweweg yn Ljouwert, stiet in dialooch oer de needsaak fan iepen mienskip yn Fryslân en de mooglike bydrage fan keunst yn dy ûntwikkeling sintraal. Sprekkers binne Pascal Gielen, Marten Winters en Klaas Sietse Spoelstra, aktyf as maatskiplik ûndernimmer en ien fan de projektlieders binnen Kening fan ‘e Greide.

Gielen is heechleraar Keunstsosiology en Kultuerpolityk oan de RUG en besprekt de homo ludens en de maat en de onmaat fan keunst.

Marten Winter is bekend as eardere stedskeunstner tanksij syn skip De Lading.

Twadde lêzing

Yn de twadde byienkomst op 5 novimber komme de spulregels en it feroarjen fan spulregels oan bod. Hoe kinne je de spylromte dy’t keunst biedt ek ynsette om doelfêst feroaringsprosessen oan te jeien? Foar wa en wat kieze je dan? Wêrom? Wat kin it opsmite? Heechleraar Barend van Heusden sil djipper yngean op de fernijde rol fan keunst yn de maatskippij. Jeanne van Heeswijk, keunstner, sil fertelle oer har engazjearre keunstpraktiken lykas ‘It runs in the Neighbourhood’ en Jan Hendrik Jansen, direkteur fan Doarpswurk, behannelet de politike aginda foar it lanlik gebiet en de rol fan keunst dêryn.

De lêzing fynt plak yn it gebou fan Tryater.

De knikkers fan it spul

Op 3 desimber is der as lêste in dialooch oer de feitlike materialisearring en it ynpassen fan it nije keunstbegryp yn de maatskippij fan moarn de dei. Sprekkers binne dan François Matarasso (keunstner, ûndersiker en betinker fan mienskipskeunst) en Oeds Westerhof (direksjelid Ljouwert-Fryslân 2018). Ek binne der op 3 desimber pitches fan in nije lichting makkers en harren maatskiplike partners fan it projekt ‘De Reis’.

De lêzings wurde organisearre troch LAB LWD en Keunstwurk yn nauwe gearwurking mei CAL-XL, laboratoarium foar keunst en maatskippij, en it Onderzoekscentrum Arts In Society fan de RUG. Sjoerd Bootsma, Rozemarijn Strubbe, Sikko Cleveringa en Pascal Gielen trede ôfwikseljend op as petearlieders.

Foar yn ‘e aginda:

Lêzings
Datum: Tongersdei 8 oktober, 20:00-22:00 oere
Lêzings: Klaas Sietse Spoelstra, Pascal Gielen, Marten Winters
Lokaasje: ARKfryslân – Nieuweweg tsjinoer nr 3, Ljouwert

Datum: Tongersdei 5 novimber, 20:00-22:00 oere
Lêzings: Barend van Heusden, Jeanne van Heeswijk, Jan Hendrik Jansen
Lokaasje: Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert

Datum: Tongersdei 3 desimber, 20:00-22:00 oere
Lêzings: François Matarasso, Oeds Westerhof, Rozemarijn Strubbe
Lokaasje: Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert

Opjaan kin fia: http://www.keunstwurk.nl/dwarskijkers

Op 5 novimber en 3 desimber is it mooglik om foarôfgeand te iten by Tryater.

By de foto: Byld fan in eardere jûn fan LAB LWD (Foto Ruben van Vliet).

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens