Ga naar inhoud
MAP
fy

Deenske ûndernimmers op de fyts fan Aarhus2017 nei LF2018

Nei in fytstocht fan sa'n 700 kilometer arrivearre in groep fan tritich Deenske ûndernimmers woansdeitemiddei yn Ljouwert. Op de treppen fan it Stedhûs waarden se opwachte troch boargemaster Ferd Crone, wethâlder Andries Ekhart en LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum.

It selskip makket diel út fan it Deenske netwurk Biz & Bike, in sakeklup mei mear as 150 fytsende ûndernimmers út East-Jutlân dat de organisaasje fan Aarhus 2017 stipet.

In tweintichtal Fryske ûndernimmers wachte de groep by de Frysk-Grinslanner provinsjegrins op, wêrnei’t de groepen mei elkoar nei Ljouwert fytsten. Woansdeitejûn dinearje de fytsers yn De Walrus, Club2018-lid. Tongersdei krije se in rûnlieding troch Ljouwert en dêrnei giet de groep, dit kear yn in bus, werom nei Denemarken.

Ferline jier fytste de groep nei Poalen, doe’t Wroclaw de Kulturele Haadstêd fan Europa wie.

De hiele tocht wurdt fêstlein troch in sjoernalist fan ien fan de grutste kranten fan Denemarken (Jyllandsposten). Hy hâldt op Facebook in ferslach by. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens