Ga naar inhoud
MAP
fy

Drukkerij Van der Eems leveransier Ljouwert-Fryslân 2018

Drukkerij Van der Eems en Ljouwert-Fryslân 2018 sille noch nauwer gearwurkje. Hjoed kamen de partners in sponsoroerienkomst oerien. De drukkerij, mei it haadkantoar yn Easterein, wurdt in wichtige leveransier op it mêd fan gruttere drukoarders: “Us relaasje wurdt hechter”, seit Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018. “We hawwe al in protte gearwurke en dat is hiel goed befallen.”

Direkteur Durk-Jorrit van der Eems: “We wurde eins hofleveransier fan de stichting en rekkenje mar dat we ús taken serieus nimme. Dit famyljebedriuw wol nammentlik bydrage oan it sukses fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.”

Grafische Groep Van der Eems waard yn 1906 oprjochte. As lytse drukkerij (Fa.Van der Eems en Zn. Offsetdrukkerij) slagge it famyljebedriuw deryn út te groeien ta in grut bedriuw. Under lieding fan de fjirde generaasje wurkje der sechstich minsken en binne der twa fêstigingen: yn Easterein en op It Hearrenfean. 

Van der Eems is al sûnt 2010 sponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018. Dat partnerskip wurdt no dus útwreide.  

Foto: Wietze Landman (De direkteuren Durk-Jorrit van der Eems (links) en Tjeerd van Bekkum (LF2018) ûndertekenen de nije oerienkomst yn de drukkerij op It Hearrenfean).

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens