Ga naar inhoud
MAP
fy

Earste Golden Tulip Tulp foar LF2018

It is heechseizoen en de hotels sitte grôtfol. It perfekte momint om gasten yn it sin te bringen dat je der takom jier op tiid by wêze moatte. Fannemiddei hat Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Kulturele Haadstêd, de earste Golden Tulip tulp yn ûntfangst naam. In kadootsje dat alle hotelgasten fan Golden Tulip Tjaarda Oranjewoud fan hjoed ôf krije.

“It presintsje is bedoeld om alle gasten dy’t oant ‘e mei 31 desimber 2017 nei ús hotel komme, der by ôfreizgjen op te attindearjen dat Fryslân takomt jier feest fiert,” seit Tjitte de Wolf, direkteur-eigner fan it hotel. “Ljouwert-Fryslân 2018 is in prachtige gelegenheid om minsken te freegjen om werom te kommen.”  

“We ûntfange op jierbasis sa’n 25.00 gasten, dus de rest fan dit jier kinne we noch op seker 10.000 rekkenje dy’t op dizze wize attindearre wurde. De earste reservearringen foar takom jier binne al binnen.”

Tjeerd is tige bliid mei it inisjatyf: “Tjitte docht wat je graach sjogge. Hy sjocht it belang fan Kulturele Haadstêd yn en pakt syn kâns. In win-win situaasje.”

Op de foto: Tjitte de Wolf (direkteur-eigner Golden Tulip Tjaarda Oranjewoud), Tjeerd van Bekkum (Direkteur Kulturele Haadstêd), Roel Schipper (Manager Front Office)

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens