Ga naar inhoud
MAP
fy

Earste nammen Explore the North 2017 bekend

LJOUWERT - Explore the North makke juster alfêst in part fan it programma bekend. Hjoed begjint de kaartferkeap foar de betide fûgels. It festival, dat ûnderdiel is fan it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018, is dit jier op 24 en 25 novimber. Explore the North wurdt op ferskate plakken yn de Fryske haadstêd hâlden.

Yn de kommende wiken en moannen wurde der noch folle mear artysten en spesjale projekten oankundige. Explore the North brûkt de binnenstêd fan Ljouwert as poadium foar skriuwers, muzikanten, dûnsers en akteurs út alle wynstreken. Besikers dwale tidens dit winterske wykein troch in spinneweb fan steechjes en literatuer, fan tsjerkjes en muzyk. Gebrûk meitsje fan de ‘betide-fûgelkoarting’? Sjoch dan op www.explore-the-north.nl.

De earste nammen binne:

Chassol: De talintfolle Frânske pianist, filmmuzyk-komponist en audiofisueel eksperimentalist Chassol begûn op syn fjirde te spyljen en is dêr lokkigernôch noait mei opholden. Dit wûnderbern hat gearwurke mei Sebastien Tellier en Phoenix en waard útnûge troch Frank Ocean om mei te wurkjen oan syn lêste album.

Martin Kohlstedt: De heldere pianoklanken yn de stikken fan Martin Kohlstedt wurde begelaat troch eksperimintele, ferfoarme klanken, synths en hjir en dêr in ferdwaalde, unike beat.

Jambinai: It Súd Koreaanske Jambinai sleept de besikers mei yn hypnotisearjende noisy postrocknûmers. De kombinaasje fan gitaren en drums mei tradisjonele Koreaanske ynstruminten jout dizze band in unyk lûd.

Baloji: De Belgysk-Kongoleeske rapper Baloji kombinearret syn komôf troch Afrikaanske en tradisjoneel Afro-Amerikaanske muzyk binnen de wrâld fan sampling en elektroanyske muzyk te ferkennen.

Ghayath Almadhoun skriuwt gedichten yn it Arabysk, dy’t yntusken al yn ferskate talen útbrocht binne.

DAAU: It Belgyske DAAU presintearret yn gearwurking mei producer Rudy Trouvé in blomlêzing fan harren fiifentweintichjierrich bestean: eigen nûmers binne troch Trouvé omsmeid ta nij wurk.

Mammal Hands: It Ingelske trijetal Mammal Hands hat mei har hypnotisearjende miks fan jazz, folk en elektroanika al in grutte oanhing opboud.

Charlotte van den Broeck: Dan Charlotte van den Broeck: de jonge Belgyske dichter dy’t in soad lof krige foar har earste twa bondels. Se wit de emoasje fan har stikken mei humor, direktens en in grutte tawijing op it publyk oer te bringen.

Mew: Mei de sânde plaat Visuals yn ‘e bûse, lit it Deenske trio Mew sjen dat se harren al tweintich jier lang ûnophâldlik ûntwikkelje. De kombinaasje fan dreampop, progrock en postrock soarget foar in eigensinnige styl fan in band dy’t net lang fêsthâldt oan har bewende paad, mar foar it ûnbekende kiest.

Winterdagen: Ut Rotterdam komt Winterdagen om har melangoalyske, neo-klassike pianomuzyk spyljen.

Armando en Oleg Lysenko: Mei in cross-over fan literatuer en muzyk meitsje Armando en Oleg Lysenko in unike foarstelling. Armando, ien fan de belangrykste neioarlochske Nederlânske keunstners, wennet yn Berlyn, mar is in inkelde kear yn it jier live yn Nederlân te sjen.

Hassan Blasim giet it wrede mearke fan de werklikheid te liif mei wapens dy’t dêr in oertsjûgjend effekt op hawwe: ferbyldingskrêft en taalgefoel. Syn ferhalen binne fantastysk, yn elke betsjutting fan it wurd.

Nyk de Vries is dit jier werom en presintearret ‘Koortslip’: tsien koarte ferhalen foarsjoen fan filmyske soundtracks dy’t er tidens de show út syn sampler toveret.

Ester Naomi Perquin: Ta eintsjebeslút kin ús nije Dichter des Vaderlands fansels net ûntbrekke op it literatuerprogramma: Ester Naomi Perquin.

Open Call foar Fryske makkers yn de popkultuer

Explore the North ûnderstipet talint. Produksjehûs foar popkultuer De Popfabryk en Explore the North roppe foar de twadde kear Fryske makkers yn de popkultuer op om harren ideeën en projektplannen yn te tsjinjen foar 1 oktober 2017 fia info@popfabryk.nl. Ut de yntsjinne ideeën en plannen wurde maksimaal acht konsepten selektearre.

De selektearre makkers wurde útnûge foar in pitch yn de wike fan Explore the North 2017. In panel giet dy jûn yn petear mei de makkers en selektearret hjirút guon ideeën dy’t tegearre mei de makkers fierder ûndersocht wurde op realisearberheid.

De ideeën en plannen moatte in publyklik presentearber karakter hawwe. It meast helbere idee wurdt dêrnei tegearre mei De Popfabryk produsearre en troch Explore the North programmearre foar de edysje fan 2018. De Popfabryk en Explore the North hawwe hjirfoar in produksje (start)budzjet fan 10.000 euro reservearre.

Dit jier presintearret Meindert Talma, winner fan 2016, foar it earst syn foarstelling ‘Je denkt dat het komt, maar het komt nooit’ op Explore the North.

Sfearbyld fan ferline jier, makke yn de Westertsjerke (it eardere Theater Romein). Foto Hans Jellema.

Programmanijs | ​Earste nammen Explore the North 2017 bekend

Chassol.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens