Ga naar inhoud
MAP
fy

Einlik meisjen oer Mata Hari’s skouder

LJOUWERT - Yves Rocourts eagen glinsterje wannear’t er yn in waarm en sinnich Ljouwert troch deselde strjitten rint as de 19e-iuwske frou dy’t him sa dwaande hâldt: Margaretha Zelle, of leaver Mata Hari. Al kuierjend fertelt Rocourt entûsjast oer syn ûndersyk en befinings oer har. Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 stalt er foar it Fries Museum in tentoanstelling gear oer Mata Hari.

Fierderop is it byld fan de mysterieuze Friezin al te sjen, foar har bertehûs op De Kelders 33. “Har libbensferhaal hat gewoan alles: romantyk, ferried, moed, gloarje, ferlies en mystearje. Dat alles makket it wurdich om hieltyd wer te fertellen.” En dat docht Ljouwert, fan oktober dit jier oant april 2018. Mei de tentoanstelling Mata Hari, de mythe en het meisje jout it Fries Museum it folsleinste byld fan de ferneamde frou oant no ta.

De út Leiden ôfkomstige konservator Rocourt, dy’t meiwurke oan in dokumintêre oer Mata Hari, waard yn 2015 ‘ynflein’ om him foar twa jier te rjochtsjen op Mata Hari en de grutte eksposysje gear te stallen. “Dat de tentoanstellig sa kompleet is, komt ûnder oaren troch de brûklienen út Ingelân en Frankryk.” Hûndert jier lyn waard Mata Hari fusillearre troch de Frânske kriichsmacht op fertinking fan spionaazje foar it Dútske leger. Dit jier wurde de argiven mei gerjochtsdossiers iepene. “Lang om let kinne we mear lêze oer har feroardieling.”

Of dêrmei dan einlik de fraach beantwurde wurdt oft Mata Hari no echt dûbelspionne wie of net? Rocourt glimket. “Der steane nijsgjirrige dingen yn, mar ien fan de grutste krêften fan Mata Hari yn dizze tiid, is miskien wol dat der noch altyd mystearje om har hinne hinget. En dêr hawwe de dossiers gjin feroaring yn brocht.”

Leafdefol

Rocourt stiet stil foar it pand wêryn’t de lytse Margaretha op 7 augustus 1876 foar it earst har eagen iepen die. “Dat de tenstoanstelling yn de stêd hâlden wurdt wêr’t se libbe hat is fansels prachtich. Hjir sa omrinne, bringt it ek foar mysels mear ta libben.” De histoarikus hat ûnder it gearstallen fan de eksposysje in foar him nije kant fan Mata Hari ûntdutsen, benammen troch it berteboek en trettjin oare persoanlike objekten dy’t it Fries Museum yn maart op ‘e kop tikke.

“Ik koe har as de frou dy’t har dochter efterliet foar in eksoatyske dûnskarriêre yn Parys. Mar yn dat boek skriuwt se hiel leafdefol oer har dochter en (jong ferstoarne) soantsje. Waarm en as in mem. En dat is typearjend foar de tentoanstelling: we litte net allinne de betoverjende, suksesfolle en bytiden dubieuze femme fatale sjen, mar ek it famke Margaretha, de dochter, de frou mei in dreech houlik, de mem. It is foar it earst dat in tentoanstelling dy nuânse sa dúdlik oanbringt. Dêrom heart dit ynternasjonale ferhaal thús yn Ljouwert-Fryslân 2018.”

Hy sjocht op by de sinlik dûnsjende Mata Hari. “Kinst films oer har sjen, boeken oer har lêze, dingen oer har opsykje, mar sa ticht by Mata Hari as yn dizze eksposysje, bist noch noait west. Alle dokuminten en dingen dy’t se sels makke of oanrekke hat, lykas har eigen plakboek mei foto’s en kranteknipsels, kinst besjen. It is ofst oer har skouder meisjochst.”

“Sa ticht mooglik by de wierheid oer Mata Hari komme. Dat dogge we mei dizze tentoanstelling”, fertelt histoarysk ûndersiker Hans Groeneweg. Hy ûndersiket de boarnen en foto’s dy’t yn de tentoanstelling te sjen binne om der achter te kommen wat wierheid en wat fiksje is. “Fansels fertelt de eksposysje ek it ferhaal fan de myte Mata Hari. Dy kant heart derby. Mar ik haw ek hiele oare kanten fan de persoan Margaretha Zelle kennen leard. Troch al it ûndersyk is se foar my libjen gien. En ik hoopje presys dat dat ek by de besikers barre sil.” Groeneweg fynt it hiel bysûnder om oan in projekt mei te wurkjen wêryn’t mear materiaal oer Mata Hari as oait byinoar komt. “Dit is ien fan de moaiste putsjes dy’t ik oait dwaan mocht.”

Nederlânske tekst Martine van der Steege

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens