Ga naar inhoud
MAP
fy

“Ek foar Fryske tsiis moatst by ús wêze”

AND Cheesetrade is in begryp yn de tsiiswrâld. Hoewol’t de tsiisgruthannel en -ferwurker bûten it sintrum fêstige is, rinne de saken sa goed dat it hjoeddeiske pand hast te lyts is. In eardere kuolsel fan AND Cheesetrade is omtovere ta in lekkernijenwinkel dy’t ûnder de namme Say Cheese al mar trochgroeien bliuwt. As it oan direkteur Dave Bakker leit, kinne we dêr takom jier terjochte foar alle Fryske tsizen dy’t der mar besteane. 

“It is nuver dat je guon echte Fryske tsizen allinne yn it westen yn lúkse winkels keapje kinne,” begjint de ûndernimmer. “As we takom jier Kulturele Haadstêd fan 2018 binne, moatst hjir gewoan alle Fryske tsizen krije kinne.”  

Langst nei eartiids
Say Cheese is in frjemde ein yn ’t bit. It is nammentlik útsûnderlik om as konsumint streekrjocht by it fabryk te keapjen. “Tsjintwurdich giet alles út it fabryk wei nei supermerken en oare winkels, wêr’t de konsumint syn produkten keapet”,  leit Bianca Schäfer, dy’t alle dagen yn ‘e winkel stiet, út. “Eartiids hienen alle fabriken in fabrykswinkel sa’t je dy no by ús sjogge. Kinst merke dat minsken hieltyd mear weromgripe nei dat doarpse gefoel datst hjir fynst. Se geane faker nei de slachter of de grienteboer om ‘e hoeke en keapje streekrjocht by de boer. Konsuminten wolle witte wêr’t harren iten weikomt. Se wurde bewuster en nimme dêr de tiid foar.”

“It is in stikje belibbing dat wy meijouwe”, folt Dave oan. “Sjochst dat supermerken hieltyd faker de grutte farskbaaljes fan tsiis en fleis ynruilje foar in grut oantal kuolfitrines. Dat giet te’n koste fan de persoanlike oandacht. Personiel yn farskbaaljes is nammentlik djoer. Dêrneist stiet de tsiis yn supermerken ûnder sok strang tasjoch, dat de smaak altyd itselde wêze moat. De tsiis is dus altyd krekt like âld wannear’st dy keapest. Hollânske tsiis komt dêrtsjinoer noait mei deselde leeftyd by ús binnen. Dat hâldt yn dat jongbelegen tsiis dy’tst by ús keapest al twa wiken âlder wêze kin as dat de minimale ripingstiid fereasket. Dat soarget foar in ferskil yn smaak, hy is dan al wat pittiger. Klanten reitsje op den doer útsjoen op tsiis dy’t altyd itselde smakket. It is en bliuwt in natuerprodukt en dat kin fan smaak wikselje.”

Winkelrûte
Njonken in grut assortimint oan Fryske tsizen wolle Dave en Bianca mear dwaan foar Ljouwert-Fryslân 2018. “Der barre yn 2018 safolle leuke dingen yn ‘e binnenstêd, wylst der yn de bûtenwiken ek in soad te dwaan is”,  leit Bianca út. “Dêr sitte de moaiste ambachtlike winkeltsjes, lykas bakkers, fiskwinkels, slachters mar ek in soad leuke restaurantsjes. Ik tink deroer nei om yn gearwurking mei oare ûndernimmers yn de bûtenwiken in winkelrûte te meitsjen.”

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens