Ga naar inhoud
MAP
fy

Fan New York, Sint Petersburg, Parys en Shanghai nei Ljouwert

Wa’t wolris yn winkelsintrum Zaailand komt, sil it net ûntgien wêze: ek al giet it neffens it CBS hieltyd better mei de ekonomy, der binne noch in pear leechsteande winkelpannen. Spesjaal foar LF2018 toveret keunstnersduo Randolph Algera en Gabriëlle Westra it winkelsintrum fan 3 oant en mei 6 maaie om ta in skildersparadys.

Folgjend jier sille we mear as allinne skilderijen yn it winkelsintrum sjen. ,,Der komme tusken de 70 en 120 ynternasjonale skilders nei Ljouwert”, leit Randolph út. ,,Guon sille ek masterclasses jaan. Benammen foar keunstopliedingen, mar as der plakken oer binne, is it foar elkenien tagonklik. Dêrneist sille 100 skilders mei elkoar yn dy fjouwer dagen ien grut doek beskilderje yn it tema ‘In oade oan Alma Tadema’. Dit doek giet nei in goed doel.”

Gekken
Tegearre skilderje is foar it duo net ûnbekend. Op It Hearrenfean ha se in atelier oan hûs. Hjir stiet in prachtich doek yn de spotlights, makke troch beide skilders. ,,Dy giet meikoarten nei in klant. We meitsje alle jierren in mienskiplik doek; in moaie tradysje. Gabriëlle is spesjalisearre yn portretskilderjen en ik skilderje surrealistysk. Ik meitsje de omjouwing en sy de personaazjes. Tegearre skilderje is frij unyk yn ús wrâld. We wurde dan ek wol ris foar gek ferklearre.”

It Zaailand is de ideale lokaasje foar Salon Forever, sa’t de groep dêr’t de skilders ûnderdiel fan binne, himsels neamt. ,,We ha fjouwerhûndert meter keale muorre nedich foar alle skilderijen dy’t der komme”, de keunstner spriedt de earmen om oan te jaan dat it om in grutte romte giet. ,,Dan falle al in soad lokaasjes ôf. Grut foardiel fan it winkelsintrum is dat it flakby it Fries Museum is. Dêr hat dan krekt in tentoanstelling fan Alma Tadema  west. Us foarstelling wurdt nammentlik in oade oan him. It iennige neidiel is dat we de winkelpannen brûke dy’t op dit momint leech steane. Mar dat kin folgjend jier samar oars wêze.”

Wrâldske tentoanstelling
De stêden dêr’t de eksposysje lâns giet, jouwe de omfang fan de tentoanstelling dúdlik wer: ,,De ekspo is ferneamd ûnder keunstners en giet fan New York nei Sint Petersburg, Parys en Shanghai. It is prachtich dat it tuskentroch nei Ljouwert komt; fan al dy grutte wrâldstêden nei de kearn fan it plattelân.”

Op it stuit wurket it duo oan in hiel bysûnder projekt. De Sint-Clemenstsjerke op It Amelân dy’t yn 2013 hast folslein ôfbaarnde. ,,Ik ha al in soad tsjerken restaurearre, mar dit is wol sa’n bysûnder projekt,” seit Randolph. ,,We krije hielendal de frije hân om der wat moais fan te meitsjen. Sa komt der in grut glêzen Mariabyld yn, dêr’t it ljocht prachtich trochhinne skine sil. Dêrneist sille alle hilligen te sjen wêze yn skilderingen fan de dunen. Muorreskilderingen rinne troch yn glês-yn-leadruten dy’t wy ek sels ûntwurpen hawwe. Pronkstik wurdt de bôge yn de tsjerke, dêr’t twa bibelske tafrielen op ôfbylde binne: ien fan de wûnderbaarlike fiskfangst en ien dêr’t Jezus oer it wetter rint. Dat byldet fertrouwen út.”

Dêrneist wurdt in nije galery neist de wenning boud, mei de namme Autrevedère. ,,De bedoeling is dat dy ein 2018 klear is, sadat der ek nei it Kulturele Haadstêdjier noch wat te belibjen is”, grapjaget de keunstner. ,,It moat in echte ûnderfining wurde om hjir te kommen. It sil dus gjin gewoane galery wêze. In bytsje yn de sfear fan ús art diners, dy’t we organisearje yn kulinêre restaurants. Dêr’t we muzyk, iten, fideo, keunst en ljochtshows kombinearje. Tink dy bygelyks yn datst hjir komst en der in lange moaie opmakke tafel stiet. Dêromhinne allegear prachtige skilderijen fan ûnderwetterwrâlden. As miel krijst fisk en as muzyk hearst allerhanne lûden dy’tst ûnder wetter tsjin komme kinst. Mei live muzyk. Dêrnei komt in dj en wurdt der dûnse tusken de skilderijen. In unike ûnderfining.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens