Ga naar inhoud
MAP
fy

Ferd Crone en bûtenlânske media ferrasse bewenner earder hûs Alma Tadema

LJOUWERT – “Dit is in tentoanstelling fan ynternasjonale alluere!” Santjin sjoernalisten hawwe ein ferline wike in besyk brocht oan Ljouwert. Reden foar harren komst wie de iepening fan de tentoanstelling oer Alma Tadema yn it Fries Museum en in sneak preview fan Ljouwert-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd fan Europa.

Sjoernalisten fan foaroprinnende ynternasjonale media, lykas The Guardian (GB), La Stampa (It), Il Salvagente (It), Artribune (It), Die Welt (Du), De Tijd (Be), Het Laatste Nieuws (Be), Magazine des Arts (Fr), L’Express (Fr) en L’oeil (Fr) reizgen ôfrûne wike op útnoeging fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme en Kongressen (NBTC), it Fries Museum, Merk Fryslân en Kulturele Haadstêd nei Ljouwert. Foar de measte sjoernalisten wie it de earste kear dat se op besite wienen yn Ljouwert en Fryslân.

De ynternasjonale sjoernalisten krigen yn it Fries Museum in primeur. Noch foar de offisjele iepening mochten se, wylst de lêste skilderijen ophongen waarden, de tentoanstelling oer Alma Tadema besjen. Nei in wolkomstwurd fan direkteur Kris Callens en haad publyk en tentoanstellingen Femke Haijtema, laten kuratoaren Peter Trippi en Elizabeth Prettejohn de sjoernalisten lâns de tachtich wurken fan Tadema. Benammen de mânskheid fan de tentoanstelling en de hoemannichte ynformaasje oer it libben fan de yn Dronryp berne Alma Tadema makke yndruk op de sjoernalisten. “Dit is in tentoanstelling fan ynternasjonale alluere!”, beärgumintearre de sjoernaliste fan it Britske The Guardian har komst.

Nei ôfrin fan it besyk oan it Fries Museum ferfolge de groep sjoernalisten de parsereis yn De Blokhúspoarte. Artistyk direkteur en CEO Lieven Bertels naam harren mei lâns de hichtepunten fan it kulturele programma, dat boud wurdt foar it jier fan Kulturele Haadstêd yn 2018.

Freedtemoarn sammelen de sjoernalisten harren foar in twadde primeur: in stedskuier ‘yn de fuotspoaren fan Alma Tadema’, ûntwikkele troch Histoarysk Sintrum Ljouwert. Direkteur Geart de Vries fan it HCL kaam de farsk drukte rûtes mei it byhearrende boekje persoanlik bringen. De rûte giet lâns plakken yn Ljouwert wêr’t Alma Tadema wenne, wurke en studearre hat.

Under de stedskuier, dy’t persoanlik begelaat waard troch boargemaster Ferd Crone, waarden de sjoernalisten meinommen yn de skiednis fan Ljouwert as hofstêd en rûnen se lâns de plakken wêr’t ynternasjonaal ferneamde persoanen lykas M.C. Escher, Mata Hari, Saskia van Uylenburg (echtgenoate Rembrandt) en fansels Alma Tadema ea wennen.

Dat Alma Tadema yn it bûtenlân folle mear bekendheid hat as yn Nederlân die bliken troch de grutte opkomst fan ynternasjonale sjoernaliste tidens dizze groepsreis. Mar ek de fernuvering fan in bewenner oan it Blokhúsplein spruts boekdielen: de man wie posityf ferrast troch it nijs dat de ferneamde skilder en syn famylje ea yn syn hûs wennen.

De sjoernalisten waarden net allinne meinommen yn it ferline fan de stêd Ljouwert, mar ek yn hjoed de dei en de takomst. Yn kafee Wouters presintearren Oeds Westerhof en Claudia Woolgar it projekt 11Fountains en it ûntwerp fan de fontein fan Jaumes Plensa, dat fan 2018 ôf foar it stasjon yn Ljouwert stean sil.

De Britske sjoernaliste Maev Kennedy publisearre hjoed in artikel yn The Guardian. Klik hjir foar it artikel. Ek de Italiaanske sjoernaliste Arianna Testino fan Artribune Magazine publisearre in artikel. Klik hjir foar it orizjineel.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens