Ga naar inhoud
MAP
fy

Fergees nei Elske DeWall, Eric Vloeimans, Nynke Laverman en in soad oaren

LJOUWERT –Yn it hert fan Fryslân presintearret Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa it programma fan 2018. Dat bart no tiisdei op it Gouverneursplein. De ynrin is tusken 17.00 en 18.00 oere en der is muzyk fan The Three Farmer Boys. Oh ja, we tsjinje fergees snert op en mochten de waarsomstannichheden tsjinfalle dan wurde der reinponsjo’s útdield. 

Om 18.00 oere is de programmapresintaasje. Op it haadpoadium presintearje Sipke Jan Bousema en Tamara Schoppert in grut ferskaat oan projekten. Dy komme op ferrassende wize foarby. 

Der binne optredens fan Elske DeWall, Nynke Laverman, trompettist Eric Vloeimans, akteur Peter Tuinman en it Pasveerkorps en der wurde ferskate sneak previews út it programma toand. 

Op ferskillende plakken op it plein sil ûndertusken ek ien en oar barre. Mar wat, dat hâlde we noch efkes geheim.

It programma dat ien oere duorret wurdt om ende by 19.00 oere ôfsletten mei in swingend optreden fan Jungle by Night. De tagong is fansels fergees. En we sjogge dyn komst mei in protte wille temjitte! 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens