Ga naar inhoud
MAP
fy

Ferhalefertellers socht foar iepeningswykein LF2018

Ljouwert-Fryslân 2018 en Tryater sykje foar it iepeningswykein fan it kulturele jier in hiele protte ferhalefertellers. Op freed 26 jannewaris stapt de provinsje om 19.00 oere manmachtich yn de fuotspoaren fan de Winterjûnenocht om neffens goed Frysk gebrûk minsken byinoar te bringen om ferhalen te fertellen. 

De iepening fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wurdt in feest foar de hiele provinsje. Op 26 en 27 jannewaris organisearje Ljouwert-Fryslân 2018 en Tryater de ûvertuere fan it kulturele jier; yn Ljouwert én yn de rest fan Fryslân. Op freed stiet de provinsje sintraal, sneons fine de feestlikheden plak yn Ljouwert. 

Oan ‘2018verhalen’ dogge freed 26 jannewaris mear as 75 museums mei. Se biede fan 19.00 oant 20.00 oere in poadium oan al dy ferhalefertellers. De ferhalen wurde net allinne yn de museums ferteld, mar ek thús, op de buorkerij, it wenskip of yn it kafee. Skûtsjesilers, boargemasters, kafeehâlders, boeren, fan Skiermûntseach oant Aldemardum en fan Surch oant Appelskea: elkenien docht mei en mei meidwaan. 

Oan ‘e hân fan bysûndere objekten wurde ferhalen dield dy’t neffens de Friezen mei de takomst yn moatte; ferhalen dy’t it ferskaat en de ferbûnens fan ús (Iepen) Mienskip ferbyldzje. 

Spannende legindes, persoanlike foardrachten, ferhalen oer in foarwerp of besittings wêr’t in ferhaal oan kleeft. Grappige, oandwaanlike, en hiel gewoane ferhalen. “Alles kin en alles mei”, seit artistyk lieder Ira Judskovkaja. “En we kinne noch wol wat fertellers brûke, sadat de provinsje aanst gûnzet fan de ferhalen…”

Opjaan kin fia de webside www.2018verhalen.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens