Ga naar inhoud
MAP
fy

Fotografen fine elkoar in moanne lang yn FryslânPhoto Festival

LJOUWERT - De Fryske haadstêd stiet yn oktober fan dit jier folslein yn it teken fan fotografy. Fan 5 oant ‘e mei 29 oktober 2017 fynt nammentlik de earste edysje fan it FryslânPhoto Festival plak. Op ûnferwachte lokaasjes yn Ljouwert eksposearje Fryske professionele en amateurfotografen harren wurk. It festival is ûnderdiel fan it mienskipsprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018.

It tema fan it festival is ‘Mijn Plek’. Sintraal stiet dêrom de fraach ‘Hoe wichtich is it om in eigen plak te hawwen wêr’st dy noflik en feilich fielst?’ Mijn Plek hat alles te meitsjen mei identiteit, mei opfieding, mie it plak wêr’st berne bist of wêr’st wennest.

Fotorûte troch de stêd

Yn de earste edysje fan it FryslânPhoto Festival stiet de Fryske fotografy sintraal. Fyftjin Fryske topfotografen binne frege om nij wurk oan te leverjen. It giet om Marjo Alberts, Reiny Bourgonje, Gitte Brugman, Saskia Bruinsma, Heleen Haijtema, Leonardo Horta, Bas Jongerius, Dolph Kessler, Erikjan Koopmans, Geja Kuiken, Tryntsje Nauta, Pieter Postma, Martin Rijpstra, Maartje Roos en Helen de Vries.

Yn Fryslân is in soad talint te finen. Sa behelle Bourgonje de earste priis op de prestisjeuze Europese Foto Fair 2017. Horta wûn op it fotofestival yn Naarden de earste priis yn de kategory oanstoarmjend talint fan de Fotoakademy.

Sa’n tritich Fryske amateurfotografen binne útnûge om nij wurk te meitsjen binnen it tema ‘Mijn Plek’. De measten binne oansletten by twa wurkplakken fan it Fotofabryk yn Ljouwert. De foto’s wurde tentoansteld op ferskate lokaasjes yn de Ljouwerter binnestêd, lykas de Blokhúspoarte en it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Ek binne der eksposysjes yn de iepenbiere romte.

Yn kultuerpoadium Neushoorn komt in eksposysje fan tsien jonge fotografen mei foto’s fan it Ljouwerter muzykfestival Welcome to The Village 2017, ‘in plak wêr’t je fan te foaren al ûnwennich fan binne’.

Partisipaasjeprojekt

In eigen plak is net foar elkenien fanselssprekkend. Dat jildt wis foar flechtlingen. Om dy reden organisearret it FryslânPhoto Festival in bysûnder partisipaasjeprojekt, yn gearwurking mei de organisaasjes foar wolwêzen Wellzo en Amaryllis. Tweintich keppels fan flechtlingen en wykbewenners út Ljouwert fotografearje elkoars leefomjouwing.

It doel is in kennismakking fan wjerskanten en it fuortheljen fan foaroardielen. Elk duo krijt help fan in betûfte fotocoach. It projekt resultearret yn in fotoeksposysje en temabyienkomsten oer yntegraasje yn Ljouwerter wyksintrums. Ek wurdt in part fan de foto’s toand op grutte reklameboerden yn de binnenstêd.

Lanlike fotowedstriid

NRC en Kamera Express organisearje alle moannen in lanlike online fotowedstriid. Yn de moanne july ‘adoptearje’ se it tema fan FryslânPhoto Festival: Mijn Plek. De fotoredaksje fan de NRC rjochtet op it FryslânPhoto Festival in eksposysje yn mei in seleksje fan de ynstoeringen. Dielnimmers kinne harren foto’s ynstjoere fia de webside https://foto.nrc.nl.

Ekstra aktiviteiten

Tidens is festival fine der ferskate ekstra aktiviteiten plak. Op snein 15 oktober is der in grutte fotobeurs yn kultuerpoadium Neushoorn yn gearwurking mei C-Leeuwarden. Oare byienkomsten wurde ynkoarten bekend makke.

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens