Ga naar inhoud
MAP
fy

Fries Museum presintearret Mata Hari: de mythe en het meisje

Fan 14 oktober 2017 ôf oant ‘e mei 2 april 2018 presintearet it Fries Museum yn Ljouwert de tentoanstelling Mata Hari: de mythe en het meisje. Eksakt hûndert jier nei har dea fertelt it museum foar it earst it folsleine libbensferhaal fan Margaretha Geertruida Zelle. De tentoanstelling is ûnderdiel fan it programma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. 

It famke út Ljouwert groeide oan it begjin fan de foarige iuw út ta de wrâldferneamde dûnseres Mata Hari. Oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch waard se troch de Frânske geheime tsjinst oppakt en eksekutearre op fertinking fan spionaazje. Mear as hûndert brûklienen út binnen- en bûtenlân komme spesjaal foar dizze tentoanstelling nei Ljouwert. Hjirûnder ek in seleksje fan de okkerdeis frijjûne Frânske militêre dossiers, dy’t foar it earst foar it publyk te sjen binne. Mata Hari: de mythe en het meisje is de grutste tentoanstelling oait oer it libben fan Margaretha Geertruida Zelle.

Op 13 maart 1905 makke Mata Hari har dûnsdebút yn de biblioteek fan Musée Guimet. Fanút Parys ferovere se de Europeeske dûnsteaters, fan Rome oant Berlyn en fan Wenen oant Madrid. Al gau kaam se ek bekend te stean om har begoede en ynfloedrike minners en bewûnderers. Op 13 febrewaris 1917 arrestearre de Frânske geheime tsjinst Mata Hari. Se waard doe al in skofke skade troch in team fan geheim aginten. Nei in proses wêryn’t se tsjinstridige ferklearringen joech, befûn in oarlochstribunaal har skuldich, it fonnis: ‘mort’. 

Primeur
De gerjochtsdossiers yn de saak tsjin Mata Hari binne de ôfrûne hûndert jier bewarre yn de Frânske militêre argiven yn Vincennes. Tidens de tentoanstelling binne dizze stikken foar it earst foar it publyk te sjen. Surveillânseferslaggen, transkripsjes fan har ferhearen en wichtige bewiisstikken, lykas de ûnderskepte telegrammen fan in Dútske militêr attasjee yn Madrid, jouwe in ynsjoch yn it proses tsjin Mata Hari.

Famke en mem
De tentoanstelling nimt de besiker mei nei kaaimominten yn it libben fan Margaretha. In poëzyalbum, skoalrapport en selsskreaune gedichten fertelle oer in lokkige jeugd yn Ljouwert. Koartlyn ferkrigen objekten, brieven en foto’s jouwe nije ynsichten yn har oant no ta ûnderbeljochte rol as frou en mem yn Nederlânsk-Ynje. In babyboek lit sjen hoe’t se de ûntwikkeling fan har soantsje Norman en dochter Non byhold. Nei it ferlies fan harren soantsje rekket it pear ferwikkele yn in fjochtskieding. It Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar ferkrige okkerdeis brieven dy’t dizze perioade yllustrearje en jout dizze korrespondinsje yn brûklien. Dizze objekten litte sjen dat MacLeod wegere alimintaasje te beteljen en syn eks-frou al it kontakt mei har dochter ûntsei. Margaretha skreaun te twifeljen oft se yn de buert fan har dochter bliuwe moast, of nei Parys gean soe om in karriêre op te bouwen.

Parys
Fan Musée Guimet yn Parys krijt it Fries Museum in Shivabyld en fjirtjin wajangpoppen yn brûklien. Dizze objekte foarmen it dekôr by har earste optredens yn de biblioteek fan de rike yndustrieel Émile Guimet. Ut dizze perioade komme ek de plakboeken fan Mata Hari. Hjiryn hold se tige sekuer by wat foar foto’s, affysjes, resinsjes en artikelen der oer har publisearre waarden. Dizze persoanlike samling is ien fan de topstikken fan de tentoanstelling. Yn 1916, flak foar har arrestaasje, waard Mata Hari ferivige troch de skilder Isaac Israëls. It libbensgrutte portret fan it Kröller-Müller Museum is koartlyn folslein restaurearre. Yn Mata Hari: de mythe en het meisje is it skilderij foar it earsts sûnt dizze restauraasje wer te sjen. 

Kolleksje
Nei har dea groeit Mata Hari út ta in myte. Se is stylikoan, sekssymboal en femme fatale. Har libben is ûnderwerp fan talleaze boeken en sprekt ynternasjonaal ta de ferbylding. Filmstjerren as Greta Garbo, Sylvia Kristel en Marlene Dietrich spylje de rol fan Mata Hari. It Fries Museum hat in grutte eigen kolleksje op it mêd fan Mata Hari. Dy eigen kolleksje wurdt oanfold mei brûklienen út ûnder mear The National Archives yn Londen, Musée Guimet yn Parys, it Frânske militêre argyf yn Vincennes en Bibliothèque Nationale de France, it Nationaal Archief en ferskate priveesamlingen.

Untwerp
It Fries Museum nimt de besiker yn seis tentoanstellingssealen mei op reis troch it rûzige libben fan Margaretha Geertruida Zelle. It fernijende tentoanstellingskonsept waard ûntwikkele yn gearwurking mei Studio Louter. Opera Amsterdam hat de teatrale foarmjouwing fersoarge.

De tentoanstelling Mata Hari, de mythe en het meisje is ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 en wurdt mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Vrienden Fries Museum, VSBfonds, Stichting het Old Burger Weeshuis, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis, Fonds Bolsward-Dronrijp 1993, Stichting Siebolt Foundation, Stichting Juckema-Sideriusfonds en Boelstra Olivier Stichting.

It Fries Museum wurdt mei finansearre troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, Provinsje Fryslân, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij en Aegon.

 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens