Ga naar inhoud
MAP
fy

Fryske aventurier fia Cannes nei Beetstersweach

De tentoanstelling oer de Fryske aventurier Tinco Lycklama à Nijeholt, dy’t oare moanne yn it Frânske Cannes iepenet, komt ek nei Beetstersweach yn 2018. “De Europeeske diminsje fan de tentoanstelling ferterket de ynternasjonale útstrieling fan Opsterlân en Ljouwert-Fryslân 2018”, sa seit boargemaster fan gemeente Opsterlân Ellen van Selm.

Tinco, soan fan de boargemaster, waard hjir yn 1837 berne. Hy besleat nei syn stúdzjetiid yn Grins en Parys troch it Midden-Easten te reizgjen. Op dizze reizen sammele er in protte keunstwurken en guod. Dy hie er earst allegearre in plakje jûn yn syn hûs yn Beetstersweach, mar doe’t er letter nei Cannes ferhúze, naam er syn folsleine kolleksje mei. Sa waard hy grûnlizzer fan it Musée de la Castre.

De iepening fan de eksposysje yn Cannes is op 8 july. Boargemaster Ellen van Selm is dan ek oanwêzich. Foar dizze eksposysje stelde Museum Opsterlân fiif portretten beskikber.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens