Ga naar inhoud
MAP
fy

Fryske bedriuwen brûke minder fossile brânstoffen tidens Elfwegenprolooch

Fan 9 oant ‘e mei 15 oktober fûn yn Fryslân de Elfwegenproloog 2017 plak. Tidens dit evenemint reizgen meiwurkers fan dielnimmende Fryske bedriuwen safolle mooglik fossylfrij. Troch duorsume reisalternativen te kiezen – of faker thús te wurkjen – ferbrûkten de dielnimmers minder fossile brânstoffen en ferlegen se dêrmei harren CO2-útstjit. 

Fyftjin bedriuwen ferspraat oer hiel Fryslân, ûnder mear út Snits, Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Wolvegea, dienen mei oan de Elfwegenproloog. In wike wêryn’t oefene waard foar de Elfwegentocht, mar fansels foaral foar in fossylfrije takomst eksperimintearre waard mei alternatyf ferfier. 

André Buwalda, kontroller en MVO-koördinator by Sijperda Verhuur: “We hawwe fol entûsjasme meidien oan de Elfwegenproloog. Troch dizze oefenwike tinkst deroer nei hoe’st dit organisearje moatst. Twa dagen haw ik carpoold, dat soe altyd wol kinne: wêrom doch ik dat dan net? Oer sokke dingen giest dan neitinken. Wat ferfiersalternativen oangiet hawwe we keazen foar de fyts, in elektryske auto, in auto op griengas, it iepenbier ferfier, carpoole en thúswurkje. Dizze wike late wier ta in out-of-the-box-tinken.”

Gerard van der Schaar, mei-eigner MG Energy Systems: “It is moai om te sjen dat it libbet, dat fossylfrij reizgjen mooglik is en dat dit inisjatyf omearme wurdt. Dizze prolooch is in goeie stap nei de Elfwegentocht takom jier. We hawwe meardere ferfiersmiddels brûkt: fan fyts en elektrysk skateboard oant elektryske auto’s dy’t we sels makke ha.”

Elfwegentocht 2018
De prolooch wie de ideale tarieding op de Elfwegentocht fan 1 oant ‘e mei 14 july 2018, wannear’t alle minsken yn Fryslân reizgje sûnder in drip benzine of disel te brûken. Fanôf de provinsjegrinzen sille elektrykse auto’s en taksy’s, dielauto’s, griengasbussen, segways, lisfytsen, elektryske boaten en oare bysûndere ferfiersmiddels it ferkearsbyld bepale. De Elfwegentocht is ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd-projekt Fossylvrij Fryslân. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens