Ga naar inhoud
MAP
fy

Fryske jongerein nei Aarhus2017

Sa’n trijehûndert jongeren út hiel Europa moeten elkoar ôfrûne wike yn Aarhus, kulturele haadstêd 2017. Se dienen mei oan in byienkomst wêryn’t de ûnderwerpen demokraasje en rjochten sintraal stienen. De jongeren, tusken de fjirtjin en achtjin jier âld, folgen ferskate workshops en praten foaral mei elkoar. Ljouwert-Fryslân 2018 waard fertsjintwurdige troch njoggen jongeren. Dy holden tidens de iepening in koarte presintaasje oer LF2018. 

Ljouwert-Fryslân 2018 wie útnûge om’t it takom jier Kulturele Haadstêd fan Europa is. De reis waard organisearre troch LF2018, Provinsje Fryslân en it Friesland College (D’Drive). De studinten, earder dielnimmend oan ûnder mear it Frysk Jeugdparlemint, waarden begelaat troch Mieke Morssinkhof en Biene van Huizen. 

It doel fan de byienkomst wie ek om de jongeren te helpen by it opbouwen fan harren sosjale en soms professionele netwurken. En om de ‘wrâld fan de oar’ better te trochgrûnjen. Sa waarden de jongeren moarns frege, foar de start fan it deiprogramma, om mei ien yn kontakt te kommen mei wa’t se noch net praat hienen: “It is ferskriklike weardefol om jongerein út oare lannen te moetsjen”, seit Mieke Morssninkhof. “Dêrtroch frebredest dyn hoarizon en kweekst mear ûnderling begryp foar elkoars kulturele eftergrûnen, gewoanten en gebrûken.”

Oer de byienkomst
De European Youth Consensus is in Europeesk netwurk dat fanwege Aarhus2017, de Europeeske Haadstêd fan Kultuer yn Denemarken, de byienkomst foar trijehûndert jongeren organisearre. De dielnimmers kamen fan 10 oant ‘e mei 15 septimber byinoar. Se wienen allegearre út Denemarken en de rest fan Europa ôfkomstich, en bestienen benammen út leden fan lokale studinterieden, jeugdrieden en fergelykbere demokratysk keazen organisaasjes. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens