Gearwurkjende marketeers fan ien lokaasje ôf nei 2018 en fierder

LJOUWERT - De marketeers fan Merk Fryslân, Ljouwert-Fryslân 2018 en Marketing Leeuwarden wurkje sûnt koart fanôf ien lokaasje gear. Tiisdei 27 juny waard it nije kantoar fan Merk Fryslân oan de Súdergrêfstwâl 2 offisjeel iepene.

De trije bondelje de krêften om sawol de Fries as de besiker oan Fryslân entûsjast te meitsjen foar de projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018. De iepening waard juster ferrjochte troch deputearre Klaas Kielstra.

Martin Cnossen (direkteur Merk Fryslân) waard ynterviewd troch Koen Pennewaard van de Ljouwerter Krante.

It stik – mei as kop 'Hotspot marketing Fryslân – stiet hjirûnder:

LJOUWERT – It haadkantoar fan Merk Fryslân moat dé hotspot wurde wêr’t de marketing fan de provinsje stal krijt yn de breedste sin fan it wurd.

It is in fraai pand, it steatlike hearehûs oan de Súdergrêfstwâl 2 yn Ljouwert. Sûnt koart hat Merk Fryslân hjir syn stânplak, tegearre mei noch wat oare bedriuwen. De âlde lokaasje, boppe de Keamer fan Keaphannel, is ferletten. De nije jout de povinsjale marketingorganisaasje de alluere dy’t it nedicht tinkt te hawwen, en dus mijde deputearre Klaas Kielstra by de iepening justermiddei de grutte wurden net.

“Merk Fryslân stiet der goed foar. Dat hawwe se mei it bestjoer sels dien. Men stiet foar kwaliteit”, sa sei Kielstra. Hy joech ta dat er in skofke lyn doe’t direkteur Martijn Cnossen sei ‘wylde plannen’ te hawwen, eefkes neitinke moatten hie. “Merk Fryslân hat in roerich ferline, dêr moatst as bestjoerder mei oppasse.” Mar fan soarch is no gjin sprake mear, sa bliek út Kielstra’s praatsje.

Mei it Kulturele Haadstêdjier foar de doar slaan Merk Fryslân, Ljouwert-Fryslân 2018 en Marketing Leeuwarden de hannen ynien om de toeristyske ynformaasjefoarsjenning te optimalisearjen en in basis te lizzen foar in noch bettere marketing fan Fryslân yn de jierren dêrnei. Marketing bliuwt nedich om toeristen en deitoeristen fan tichtby en fier fuort te lûken. Foar ferskate kampanjes dy’t fan ’t hjerst fan start gean, wurkje de trije partijen nau gear.

Cnossen naam de wurden fan Kielstra tankber yn ûntfangst. “De positiviteit by en de stipe fan de provinsje dogge ús goed. Wy hawwe ek ambysjes. Fryslân blinkt net altyd út yn gearwurkjen. Men is lokaal ferankere en dêrom wend himsels te rêden. Gearwurkje is loslitte, oerjaan, wêrby’t je soms wat ynleverje moatte mar úteinlik tegearre twa stappen fierder komme kinne.”

De hotspot fan Kielstra fynt Cnossen in oansprekkende gedachte. “Wy bringe Fryslân foaral nei bûten; oare partijen moatte soargje foar goede ynformaasje yn de regio sels. As we der dan foar soargje dat de ‘look and feel’ itselde is, dan kinne we grutte winst behelje.”

De foto is makke ûnder de iepeningstaspraak fan Klaas Kielstra, yn it bywêzen fan alle meiwurkers (Foto Videobrouwers)

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators