Gjin spyt hawwe fan dingen dy’t net dien binne

DE LEMMER -Foar in soad Friezen is 2018 al begûn. Hja wurkje mei oan de eveneminten en projekten dy’t yn oanrin nei it jier fan Kulturele Haadstêd yn ‘e stegers steane. Wa binne dizze minsken? Wat driuwt harren en wêrom dogge se eins mei? Ditkear keunstner Siepy Hoekstra. Se wurket mei oan Birds & Brass.

It ûndersteande artikel stie ôfrûne wike yn de Fryske wykblêden fan NDC mediagroep.

DE LEMMER - Siepy Hoekstra hat der sin oan. Sneon is se taskôger. Dan is de fjirde útfiering fan Birds & Brass. Op De Lemmer spylje 350 muzikanten mei-inoar ûnder lieding fan dirigint Sytze Pruiksma. It hichtepunt fan Birds & Brass is yn 2018: yn in Fryske greide, mei twatûzen HaFaBra-muzikanten en in pear tûzen taskôgers. “Dan is it grif prachtich waar.”

Hoekstra stiet mei Meinze Poelstra en Klaas de Jong oan de basis fan Birds & Brass. Mei syn trijen, mei Siepy as foarsitter, foarmje se it bestjoer fan de Federatie Opsterlandse Muziekverenigingen. Doe’t de gemeente yn 2013 oankundige de subsydzjes oan de FOM – in koepel fan tolve muzykferienings – stopje te sillen, wie de need heech. Sûnder de jierlikse bydrage fan 25.000 euro like de FOM foar de dea opskreaun.

Der waard protestearre; yn brieven oan it kolleezje fan B en W en mei muzikale optochten ûnder riedsgearkomsten. Gjin muzikale foarming mear op de basisskoallen yn Opsterlân? Dat noait! Siepy en konsorten betochten in list: “Want as der gjin jild mear komt, wurde je twongen om kreatyf nei te tinken.”

MuziekRoute

It plan ‘MuziekRoute’ waard goed ûntfongen. It Iepen Mienskipsfûns kende sels in subsydzje ta, kulturele haadstêd fan Europa beleanne it idee mei in bonus fan 2.018 euro en ek de gemeente Opsterlân reagearre posityf. De MuziekRoute begûn mei in pilot op de basisskoallen yn fiif Opsterlânske doarpen dy’t in spesjale romte (it Kultuerlokaal) yn de skoalle iepenen. In farsk oanstelde muzykkoördinator begelied de dosinten fan de Spelenderwijs Orkesten dy’t de learlingen yn tweintich lessen muzikale foarming bybringe. Dat bart op in boartlike wize. Nei tweintich lessen kinne de dielnimmers meidwaan oan it skoalorkest. En foar wa’t dêr niget oan hat of talint hat, gean de muzyklessen nei skoaltiid troch by de belutsen ferienings.

By it betinken fan de plannen seit Siepy in soad hân te hawwen oan Sytze Pruiksma. “Ik wist dat er mei it grutte skrieze-projekt Kening fan ‘e Greide fan LF2018 dwaande wie. Dêryn siket er de ferbining mei alle Fryske muzykkorpsen. Sytze doart grut te tinken. Krekt sa’n ien as him hienen wy nedich!” Yn Opsterlân waard besúnige op kultuer, wylst Sytze Pruiksma de ferskraling fan de natuer oan ‘e kaak stelde. Birds & Brass leit letterlik in brêge tusken beide dissiplines.

Muzyk as medisyn

Ein jannewaris 2016 spilen njoggen HaFaBra-orkesten út Opsterlân yn in ôfladen sporthal yn Beetstersweach de ‘Reade Skries’-komposysje fan Sytze Pruiksma. It konsert waard rom yn byld brocht troch de media en it oanwakkerjende fjoer soarget foar flamjende besieling ûnder de dielnimmende muzikanten. “Wat sport is foar it liif, is muzyk foar de geast”, seit Siepy.

Der waarden mear bysûndere, grutte konserten optúge. Mei it Broken Brass Ensemble spilen de FOM-orkesten yn in sirkustinte yn Beetstersweach (Birds & Brass II) en yn Ljouwert op Welcome to the Village (B&B III) wêr’t se de iepeninsact wienen. “Kening fan ‘e Greide iepene ús de eagen”, fynt Siepy. “Troch gear te wurkjen en ferbinings te meitsjen mei oare muzikanten kinst folle mear berikke ast tinkst.”

Pake

De ferpleechkundige op de ôfdieling neurology yn Nij Smellinghe is har pake noch altyd tankber. Hy learde de lytse Siepy om in alttuba te bespyljen. En al kaam se wolris gûlend thús om’t pake har strang tasprutsen hie, se hie syn lessen net misse wollen. Tsjinslaggen moatte je oerwinne, learde se. Falle mei, ast mar wer oerein komst.

De muzikale foarming brocht har in soad. Se learde fia de muzyklessen oare minsken kennen en doarde hieltyd faker har eigen grinzen op te sykjen. Siepy – no is de koperen bugel har favorite ynstrumint – hâldt fan silen en reedriden en siket gauris it iis yn Sweden op. Se ride al ris de 200 kilometer lange alternative Alvestêdetocht. As mem yn in gesin mei trije bern “wol ik letter gjin spyt hawwe fan dingen dy’t ik net dien haw”.

Oer in dik jier is it safier. Dan spilet se mei twatûzen oaren in nije fûgelsymfony fan Sytze Pruiksma. Dat wurdt in muzikaal statement dat syn wjergea net hat. “Ik sjoch dêr sa nei út. En it wurdt dan grif hiel moai waar. Dat wit ik seker.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators