Ga naar inhoud
MAP
fy

'Haadprogramma LF2018 útwreide'

“Tink ris grut en hâld op te nâlestoarjen.” It boadskip fan Wytze Visser wie dúdlik. De Ljouwerter wie tongersdei 15 juny gastsprekker tidens it moanlikse 2018-kafee fan Ljouwert-Fryslân 2018. Visser spruts yn ytkafee Het Leven hertstochtlik oer wat neffens him in “geweldige kâns” is foar de provinsje.

De twadde DonderdagMiddagBorrel (de folgjende is op 20 july yn Neushoorn, Ljouwert) waard ynlet troch Immie Jonkman, dy’t diel útmakket fan it programmateam fan LF2018. Jonkman tsjutte yn it koart it programma dat mienskiplik en yn de measte gefallen fan ûnderop organisearre wurdt.

“We meitsje it programma meiinoar. Jim mei ús”, fertelde se. Jonkman, sûnt 2015 belutsen by LF2018, die in berop op de besieling fan de Fries. “Toan belutsenheid en doch foaral mei. Kulturele Haadstêd fan Europa is dé manier om dingen te feroarjen.” Feitliken is de kar ienfâldich,” sei Jonkman. “Kinst op ‘e bank sitten bliuwe en eamelje oer wat der net goed giet, of komst fan de bank ôf en yn aksje.”

It haadprogramma sil benammen (ynter)nasjonale gasten lûke, it iepen mienskipsprogramma is it hert fan LF2018; mei tsientallen, miskien wol hûnderten inisjativen dy’t de dielnimmer én de besiker bewust meitsje dan de ferburgen talinten en skatten dy’t ús provinsje te bieden hat. “It totaal fan alle projekten fertelt ús ferhaal.”

Haadprogramma útwreide

Op 5 oktober wurdt it definitive programma bekend makke. Immie Jonkman dielde alfêst in tal projekten mei de seal. Guon binne al langer bekend, oer in pear betreklike nijkommers waard yn Het Leven alfêst wat ferklapt.

Se binne tafoege oan it haadprogramma fan LF2018.

Finestra Aperta

Lykas Finestra Aperta: muzyk en teater, kombinearre mei akrobatyk. De shows wurde yn juny 2018 mar leafst 24 kear opfierd op de histoaryske kleasterheuvel fan Smelle Ie. Bysûnder: de ‘sirkustinte’ is makke fan bamboe en wurdt de grutse bamboedôme fan Europa.

Sjen yn it Tjuster

Dit is in lofdicht oan de yn maart 2013 ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga. Syn doarp Burgwert eart him mei it bysûndere teaterstik ‘Sjen yn it Tsjuster’; in titel dy’t ek ferwiisd nei it blyn wêzen fan Hettinga. De ynwenners fan Burgwert organisearje in nachtlike teaterfoarstelling.

Oare projekten dy’t tafoege binne oan it haadprogramma en wêr’t Jonkman oer fertelde binne Ljochtstil Earnewâld, Lûd, Iepen Doar(p) en Slachtemaraton.

Programma ôfmeitsje

Fierdersoan die Jonkman noch in greep út it wiidweidige Fryske oanbod. Se neamde publykslûkers lykas De Stormruiter (“Teaterspektakel mei sa’n hûndert Fryske hynders”), The Sea! The Sea! (“Literêr evenemint tsjin it dekôr fan de Tall Ship Races”) en Opera Spanga (“Dizze simmer mei La Traviata en in 2018 mei Aida”).

Immie Jonkman: “We wurkje mei in protte fan jim fierder om it programma goed ôf te meitsjen sadat we dit op 5 oktober presintearje kinne.” Oer de heine takomst: “Yn 2018 ynformearje we it publyk mei wykprogramma’s en seizoensbrosjueres. En bliuw yntusken ús webside (2018.nl) folgjen!”

Wytze Visser

Wytze Visser wie útnûge troch LF2018. De Ljouwerter keunstner, skriuwer en kommunikaasjedeskundige is kritysk folger fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. “Krityk spuie is net sa lestich. Mar doch it dan wol mei iepen fizier. Kom sels mei oplossingen of draach ideeën oan.” Mei MerkMakers waard Visser ein jannewaris 2015 as ien fan de earste bedriuwen lid fan Club2018, it sponsornetwurk fan LF2018.

Opinystik yn de Ljouwerter Krante

Op 20 maaie skreaun Wytze in kollum as reaksje op krityk oer it LF2018-projekt 11Fountains. It artikel waard troch de LK as opinystik publisearre:

Alle 11 yn Frjentsjer

Justermiddei wie ik yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. Reden: de presintaasje fan 11Fountains, de 11 fonteinen dy’t kommend jier yn de 11 Fryske stêden ferriizje sille yn it ramt fan LF2018: Ljouwert/Fryslân as Europeeske Kulturele Haadstêd yn 2018. De makettes stiene moai útljochte achter yn de tsjerke. It totaal joech in moai oersjoch fan de grutte fariaasje oan keunstwurken. Yndie: we moatte dizze fonteinen beskôgje en boardielje as keunst.

De oanwêzigen

It oanwêzige publyk bestie út bestjoerlike en amtlike fertsjintwurdigers fan de provinsje en belutsen gemeenten. Ek leden fan de bewennerskommisjes dy’t meitocht hienen oer harren fontein wienen yn de tsjerke en krigen tank foar harren ynspanningen. Dêrneist wienen der minsken fan LF2018, de rezjy-organisaasje dy’t 11Fountains ta ien fan har kearnprojekten beneamd hat. Ek wie der in goed oantal belangstellenden en fansels net te ferjitten Anna Tilroe, inisjatyfnimmer en projektlieder fan 11Fountains.

Bliid en grutsk

De stimming wie goed, ûntspannen. Dit hie grif ek te meitsjen mei de parsekonferinsje fan in dei earder wêrop’t de provinsje en gemeente Ljouwert harren finansjele wissichheidstelling fan it folsleine programma bekend makken. Koartsein: dy 11Fountains dy komme der. Dat is wis. En ik bin dêr bliid mei. Sterker: ik bin der grutsk op. Al sûnt it bekendmeitsjen fan de earste ideeën bin ik der in grut foarstanner fan. Om meardere redenen (en dy komme aanst).

Draachflak?

Ik makke yn de tsjerke in pear iPhoto’s en kombinearre myn entûsjasme mei #MYDAILY, myn daaglikse foto op social media: Twitter, Facebook en Instagram. En sa as te ferwachtsjen (en leuk) kamen hjir reaksjes op. Sawol posityf as negatyf. Yn de lêste kategory wie in ferwizing nei de FB-pagina fan Omrop Fryslân. 'Men' soe him hjirop tige negatyf oer de fonteinen útlitte. It bewiis dat Fryslân neat ha moat fan dy fonteinen en dat der foar LF2018 gjin draachflak bestiet.

Reden foar eaksje

Dus ik nei de Omrop FB. En yndie: in stoartfloed oan negativiteit. Is dat skrikken? No nee, as social media adept witte je dat mieningen ûngewosken op it net slingere wurde. Sa ek oer de fonteinen. Dat skrikke: nee. Mar wol in reden foar in reaksje…

Lês fierder op it bloch fan Wytze Visser.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens