Ga naar inhoud
MAP
fy

Heldinnen fan no

Op in soad mêden wurde de ferskillen tusken man en frou hieltyd lytser. Dat jildt net foar stânbylden. As it oan byldhouwer Natasja Bennink en dokumintêremakker Marleen Godlieb leit, komt hjir takom jier feroaring yn. Spesjaal foar Leeuwarden-Fryslân 2018 meitsje se acht brûnzen boarstbylden en in achtdielige telefyzjesearje fan de heldinnen fan no, oftewol: de Froulju fan Fryslân.

It atelier fan de fan oarsprong Fryske Natasja Bennink is yn it âlde gemeentehûs fan Ezinge, sa’n fyftjin kilometer fan de Fryske grins. De stiennen treptreden op, troch de steatlike dûbele doarren, foarby in brûnzen frouljusbyld yn de hal linksôf it eardere sekretariaat yn. Dat is it plak dêr’t minsken yn brûns ferivige wurde.

,,Fan novimber ôf kinne Friezinnen nominearre wurde foar Froulju fan Fryslân. De iennige eask is dat se yn libben binne en yn 2018 yn Fryslân wenje. It draait krekt om de gewoane frou. Doutzen Kroes makket dus gjin kâns”, grapjaget Natasja. ,,We ha al ris in koarte presintaasje jûn oer ús inisjatyf en sûnt dy tiid streame de nominaasjes binnen.”

Se scrolt ûnderwilens op har telefoan troch de ynstjoeringen op de Facebookside fan LF2018. ,,Sjoch, dit is in nominaasje fan in mem dy’t har sânjierrige dochter nominearret om’t sy de frou fan de takomst is. En hjir is in froulike flechtling nominearre. It binne útienrinnende nominaasjes, mar se binne allegear like bysûnder.”

Alde bekende
Neist de bylden wurdt in achtdielige telefyzjesearje fan de froulju makke. Dêr ûntfermet Marleen har út namme fan Omrop Fryslân oer. ,,Ik ha al faker mei Natasja gearwurke. Dêrom wie it beslút ek gau nommen doe’t we hearden dat Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan 2018 is. Froulju binne sa’n belangryk ûnderdiel fan de mienskip, dochs sjogge we dat net folle werom yn de stânbylden.”

Gemeenten Heerenveen en Leeuwarden wolle de bylden graach pleatse. De rest stiet noch yn de steigers, lykas hoe’t de nominaasjes ferrinne sille. ,,We wolle ek wat dwaan mei de oare nominearren”, leit Marleen út. ,,Oft we dat online dogge of op de radio, dêr tinke we noch oer nei. Us doel is dat yn 2018 acht boarstbylden en in moaie telefyzjesearje komme.”

Yn de simmer fan 2018 binne de brûnzen bylden klear en krije se op It  Hearrenfean in tydlik plak. De earegalerij fan de Friezinnen ferhûzet dêrnei nei Ljouwert, dêr’t se in definityf plak krijt op in plak yn de iepenbiere romte dêr’t de bylden foar elkenien sichtber binne en in oantinken oan it kulturele jier wurde.

Girlpower
Fryslân is net de iennige regio dêr’t it gebrek oan frouljusbylden opfalt. Op ynternet stiet dat ek yn Den Haag en, oan de oare kant fan de wrâld, yn de Feriene Staten inisjativen binne dy’t mear frouljusbylden sjen wolle. ,,Miskien is dit wol it nije feminisme by jonge froulju,” tinkt Natasja. ,,Sjochst dat minsken har hieltyd mear bewust wurde fan de ferskillen tusken man en frou. Dit is de nije girlpower. It ferlet oan gelikenens is der noch hieltyd en dat sjochst op meardere manieren. Sjoch mar nei it EK frouljusfuotbal, dêr’t de froulju kampioen wurden binne. Gelokkich is it allegear hiel posityf nijs.”

De froulju sjogge harsels net as feministen. ,,Dy term sille wy sels noait brûke”, seit Marleen. ,,We binne der wol mei dwaande froulju sichtberder te meitsjen. Yn myn telefyzjeproduksjes besykje ik ek altyd likefolle froulju sjen te litten as manlju. Dêrneist makket Natasja al in soad bylden fan froulju. Dat hat neat mei feminisme te krijen, mar mei gelikenens.”

Telefyzjesearje
Yn de searje dy’t Marleen meitsje sil, sjogge we portretten fan de nominearren. ,,Ien sil net gau loovjend oer harsels prate, wylst dyjinge dy’t har nominearre hat dat wol docht”, leit Marleen út. ,,Dy hat dat op it lêst net foar neat dien. Dêrom sille we yn de searje net de nominearre oan it wurd sjen, mar dyjinge dy’t har nominearre hat.” Dêrneist sille de froulju dy’t in boarstbyld krije in hiel trajekt troch. Foardat in model yn brûns getten is, wurde der foto’s en sketsen, in foarbyld fan klaai en in foarbyld fan waaks makke. ,,Dat proses is ek moai om fêst te lizzen.”

Uteinlik is de searje op Omrop Fryslân te sjen. Dêrneist wurde der koarte filmkes makke dy’t fia de smartphone te besjen binne wannear’tst by in stânbyld stiest. Dat kin yn de app fan Omrop Fryslân.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens