Ga naar inhoud
MAP
fy

Hiel Fryslân fossylfrij

Gjin drip fossile brânstof mear brûke. Dat is de dream fan de freonen – dielnimmers – fan Fossylfrij Fryslân. Se begjinne hjirmei ûnder Ljouwert-Fryslân 2018. Tidens de Elfwegentocht, ûnderdiel fan Fossylfrij Fryslân, mei twa wiken lang yn hiel Fryslân gjin drip fossile brânstof brûkt wurde. Tusken 9 en 15 oktober fûn der in foarpriuwke plak: de Elfwegenproloog. 

“We sjogge tidens de prolooch wêr’t ûndernimmers tsjinoan rinne op it mêd fan duorsum ferfier, sadat we dat foar takom jier ferhelpe kinne”, leit Tsjeard Hofstra, projektlieder fan de Elfwegentocht, út. De prolooch is no al in sukses. “Us stribjen wie om yn 2018 hûndert freonen te finen. We sitte no al op 90, dat we sille dat maklik helje.”

De hjoeddeiske dielnimmers en harren personiel reizgje as test in wike lang duorsum. De freonen hawwe ferskate metoades betocht om in wike lang gjin drip fossile brânstof te brûken. In protte neamde oplossingen binne thúswurkje, fytse, mei it iepenbier ferfier of dielauto’s en carpoole – mei in miljeufreonlike auto fansels. 

Freonen
Wat opfalt is dat in protte dielnimmers al mei duorsumens dwaande wienen foar’t de Elfwegentocht bestie. “Wy wurkje al jierren duorsum”, fertelt Jan Baljeu, direkteur fan Friesland Lease. “Mei de Elfwegentocht kinne we moai oan elkenien sjen litte hoe maklik it is om fossylfrij te riden. In grut part fan ús klanten is nammentlik ûndernimmer. In protte fan ús auto’s ride op blauwe disel of binne folslein elektrysk.” Oare oanwêzige freonen binne Omrin, LED Factory, FSFE, MG, Sijperda en MVO Connect.

 

“In protte bedriuwen reitsje hjirtroch yn in streamfersnelling”, leit Tsjeard út. “2018 is in prachtige oanlieding om dit yn Fryslân út te rôljen. De provinsje stiet yn it skynljocht en kin as foarbyld tsjinje foar oaren. We sjogge no sels dat Albert Heijn ynteresearre is. Tanksij de Elfwegentocht, en dêrtroch ek tanksij LF2018, sil de supermerkketen no flugger ferduorsumje yn Fryslân.” De bedoeling is dat fan 1 oant ‘e mei 14 july 2018 alle Fryske bedriuwen, krekt as alle Friezen, fossylfrij reizgje. “Fryslân moat de earste fossylfrije provinsje wurde. As we in temperatuerstiging fan de ierde foarkomme wolle, moat hiel Nederlân yn 2030 enerzjyneutraal wêze. Us freonen binne dat yn 2025.”

Jan wit dat de wrâld fan de mobiliteit fluch feroarje sil. “We sille hieltyd mear dielauto’s sjen gean. Dat binne auto’s dy’tst mei meardere persoanen brûkst. Sjochst by de nijste auto’s al dat se mei de mobile telefoan fan ’t slot helle wurde kin. Sa kinst bygelyks regelje datsto moandei en tiisdei de auto brûke kinst en ik de rest fan de wike. Sa dielst de kosten en soargest derfoar dat der folle minder ferfiersmiddels yn omrin binne.”

Brânstof fan de takomst
“Sels hie ik yn 2010 ien fan de earste Tesla’s yn Nederân. Dat wie doe noch hiel bysûnder, mar tsjintwurdich makkest der as ûndernimmer in statement mei. Ik ferwachtsje dat hybride auto’s ferdwine sille meidat folslein elektryske modellen lykas de Opel Ampera en de Nissan Leaf hieltyd betelberder binne en in grutte aksjeradius krije. Dêrneist sille der ferskillende soarten brânstof njonken elkoar bestean bliuwe, lykas wetterstof of blauwe disel en elektrisiteit.” By Friesland Lease binne se al mear as tsien jier duorsum. “Dêr waarden wy faak om útlake. Duorsumens hie doedestiids noch in heech geitewollensokkengehalte. No komt in grut part fan ús klanten al fan bûten Fryslân. Puer om’t se in duorsumensambysje hawwe. De einbrûker freget dêr om.”

Fytstocht
Njonken de prolooch makke Tsjeard tegearre mei in ploech fan Urgenda in fytstocht fan trije dagen troch ús provinsje. In tocht lâns ferskate duorsume ûndernimmers. “We binne by in ambisjeuze pompeigner west dy’t oanhâldend ynnovearret. Dêrneist is it Home Center Wolvega in foarútstribjende ûndernimming. Dêr is okkerdeis it grutste sinnedak fan Nederlân pleatst.” It giet om mar leafst 15.000 sinnepanielen dy’t net allinne it Home Center fan stroom foarsjogge, mar it oerskot oan elektrisiteit brûke foar de 122 oplaadpeallen foar elektryske auto’s en fytsen. It is yn ien klap it grutste oplaadplak yn Nederlân wurden foar elektryske ferfiersmiddels. “It is prachtich dat wy as Fryslân dat foarbyld jouwe.” 

De Elfwegentocht is net allinne in Frysk feestje. “Ik bin gauris op beurzen oer duorsumens”,  giet Tsjeard fierder. “En dêr kaam ik Limburgers tsjin dy’t takom jier twa wiken nei Fryslân komme. Se seinen dat in Elfwegentocht yn Limburg in gruttere útdaging is: ‘der wurdt foaral praat, mar dêr bliuwt it by. Dy gekke Friezen dy dogge it gewoan’.”  

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens