Ga naar inhoud
MAP
fy

Hiel Fryslân wurdt ûnderdiel fan it Iepeningswykein LF2018

De iepening fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wurdt in feest foar de hiele provinsje. Op 26 en 27 jannewaris organisearje Ljouwert-Fryslân 2018 en Tryater de ûvertuere fan it kulturele jier; yn Ljouwert én de rest fan Fryslân. Op freed stiet de provinsje sintraal, sneon fine de feestlikheden plak yn Ljouwert.

Ljouwert-Fryslân 2018 en Tryater wurkje al moannen oan de tariedingen fan it iepeninswykein, wêryn’t it tema ‘Iepen Mienskip’ ferbylde wurde sil. Tryater wurket mei itselde artistike team (Ira Judkovskaja, Tatiana Pratley, Jan Ros, Linda Eijssen, Koos de Vries) dat ek de strjitopera De IIsfoarstinfoarmjoech (Ljouwert, 2014). De komponisten Sytze Pruiksma en Peter Sijbenga dienen earder mei oan de Tryater-produksje 11Stêdetocht (Fryslân, 2008).

It Iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân 2018 markearret op feestlike wize de start fan it kulturele jier dat útein set op freed 26 jannewaris. Op dy dei wurdt de jongste generaasje – de bern fan alle basisskoallen yn Fryslân – belutsen by it sjongen fan it LF2018-liet fan Sytze Pruiksma en Nynke Laverman.

Dyselde dei stiet yn it teken fan ferhalen. Oan de hân fan bysûndere objekten sille yn de museums fan Fryslân, mar ek yn de hûzen fan samlers, ferhalen dield wurde dy’t neffens de ynwenners fan de provinsje mei de takomst yn moatte; ferhalen dy’t it ferskaat en de ferbûnens fan ús (Iepen) Mienskip ferbyldzje.

Sneon 27 jannewaris

Om in byld te jaan fan it kulturele jier fine der ûnferwachtse optredens en presintaasjes plak yn de Ljouwerter binnenstêd. As in ‘belibbenis it hiele jier’ sille der projekten presintearre wurdedy’t te sjen binne yn de rin fan 2018.

It hichtepunt fan it Iepeningswykein is de muzikale en fisuele ferbylding fan ‘Iepen Mienskip’, it tema fan Ljouwert-Fryslân 2018. Op de fraach fan Ljouwert-Fryslân 2018 en Tryater oan in soad Friezen wat ‘Iepen Mienskip’ foar harren betsjut, jouwe in protte minsken oan dat dat slagge is wannear’t it slagget om nei elkoar te lústerjen. Om dêr ynfolling oan te jaan is der gjin better manier as om mei elkoar muzyk te meitsjen.

Yn de binnenstêd fan Ljouwert foarmje koaren, fanfares, orkesten en brassbands út Fryslân en dêrbûten mei elkoar ien orkest. De muzyk fan dit stedsbrede orkest wurket mienskiplik ta nei it LF2018-liet fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma.

Foar Ljouwert-Fryslân 2018 en Tryater is de manier wêrop’t it Ipeningswykein foarm krijt ít kenmerk fan it begjin fan it kulturele jier. Dat betsjut dat we elkoar opsykje, dat we lústerje en dat we meidogge. Mei elkoar falt der wat te fieren. Dêr hawwe we elkoar foar nedich, it hiele jier, en ek dêrnei.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens