Histoaryske fytstocht oer âlde spoarlinen

MARRUM – Hurdfytse én de eardere spoarlinen yn it Fryske lânskip. It binne de twa grutte passys fan gids Klaas Arie Beks, dy’t er kombinearret foar it LF2018-mienskipsprojekt ‘Leen een Fries’. Minsken dy’t Fryslân yn 2018 op in ûnferwachtse wize kennen leare wolle, kinne him in pear oerkes researvearje. Fergees. “En dan meitsje we der in gesellige fytstocht fan,” sa seit in bliereagjende Beks.

Syn brúne earmen, skonken en gesicht ferriede al dat Beks de ôfrûne wiken in protte bûten west is. “Ik gean graach mei myn fytsmaat in ein te fytsen.” En oars is er wol op it wetter te finen foar in syltocht. “Ik bin mei pensjoen, mar ik hoech my lokkigernôch net te ferfelen,” grapket er. Noch leuker fynt Beks it om oaren mei te nimmen op syn aventoeren.

Hjoed fytst er in stikje mei mei de Frânske fakânsjegongers Emile en Mireille Rébillon út Lorient. Yn trije moannen tiid lizze hja de fytsrûtes LF1 en LF10 ôf. “It’s 4.000 kilometers along the North Sea and Wadden Sea Coast. Just for pleasure.” In protte tiid om museums te besykjen of te genietsjen fan kofje mei gebak is der lykwols net. Dochs stappe de twa efkes ôf by it eardere treinstasjon fan Marrum-Westernijtsjerk, tuskenstop fan de eardere spoarferbining Ljouwert-Anjum.

Rike histoarje

It ymposante njoggentjinde-iuwske gebou en de stoomlokomotyf út 1914, dy’t hjoeddeis tsjinst docht as Pankoektrein, lûke harren oandacht. Beks leit de Frânsen út dat je oan de oerbleaune treinperrons in soad ôflêze kinne, bygelyks dat de minsken út dizze twa doarpen it finansjeel goed hienen. “Hjir stie in flink gebou, wêr’t je twadde en tredde klasse kieze koenen.” De âlde spoarlinen lizze saken bleat oer de skiednis fan de omjouwing en dat fynt Beks no krekt sa ynteressant.

Minsken dy’t fytsend oer de âlde spoarlinen Fryslân better kennen leare wolle, kinne yn 2018 sels in rûte útkieze. Mei syn finger giet Beks de rûtes lâns yn in boek oer âlde tram- en treinferbiningen. In protte kilometers rails binne úteinlik transformearre yn fytspaden. “Ik haw der in ferskriklik protte sin oan”, seit Beks mei glimkjende eagen. “Ik bin benijd hoefolle minsken der mei my op stap wolle.”

Wat is dyn talint datst yn 2018 frijwillig ynsetst?

“Wy sykje noch mear entûsjaste frijwilligers lykas Klaas Arie Beks,” seit Johannes Keekstra fan ‘Leen een Fries’. Minsken mei in talint of passy dy’t it leuk fine om toeristen en oare Friezen troch de provinsje te gidsen. “Minsken bepale sels wat se dogge of sjen litte wolle.” Ferskate Friezen hawwe harsels al oanmeld as frijwilliger. “De minsken wolle hiele ferskillende aktiviteiten oppakke.”

Sa wol Anne Peenstra har gasten ferrasse mei in tocht oer It Eilân by Goaiïngahuzen en harren fertelle oer it lânskip. En Pieteke de Boer fan Wommels nimt de minsken mei op in poëtyske kuiertocht. Noch mear poëzy: Anske Smit, dy’t gedichten skriuwt yn it dialekt fan Hylpen, wol har wurk foardrage en fierder minsken weiwiis meitsje yn de digitale wrâld.

“Foar guon aktiviteiten hawwe je al wat úthâldingsfermogen nedich”, laket Johannes. Sa siket Gerbina Pander minsken dy’t tegearre mei har waadrinne wolle. “Betink it mar sa gek, wy stean hast foar alleswol foar iepen!” Mear ynformaasje op www.leeneenfries.nl.

Klaas Arie Beks lit de Frânske fakânsjegongers Fryslân sjen (Foto's Simon van der Woude).

Programmanijs | Histoaryske fytstocht oer âlde spoarlinen

 

Programmanijs | Histoaryske fytstocht oer âlde spoarlinen

Johannes Keekstra siket noch dielnimmers foar Leen een Fries.

(Nederlânske) tekst Froukje Sijtsma.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners
Initiators