Ga naar inhoud
MAP
fy

'Hylpen is bliid mei Libbensbeamfontein'

HYLPEN – Mei benammen positive reaksjes is it ûntwerp fan de 11Fountains-fontein foar Hylpen bekend makke. It ûntwerp is fan de Sineeske keunstneres Shen Yuan en waard sneon oan de ynwenners fan Hylpen presintearre. Sjoernalist Rob Leemhuis fan Finster op Fryslân skreaun: “Hylpen is bliid mei Libbensbeamfontein”. It NRC peilde ek de mieningen: “Dit wurdt de moaiste fan alle alve stêden.”

Taljochting op it ûntwerp

It ûntwerp fan byldzjend keunstner Shen Yuan (Sina, mar wennet yn Parys) hjit fan ‘Flora en Fauna’. It is basearre op it wapen fan Hylpen dat bestiet út in beam mei in Hart en in Hine der omhinne. De beam is, neffens de myte, in saneamde ‘Libbensbeam’, mei woartels yn de ûnderwrâld en takken dy’t nei de himel wize. De beam symbolisearret de Libbensenerzjy, mar ek Wiisheid. It Hart en de Hine fiede harren hjirmei.

By it fonteinûntwerp fan Shen Yuan stiet de Libbensbeam sintraal. Dy wurdt omjûn troch in grut, twadielich gewei dat op ‘e grûn leit.

Yn de beam sitte fûgels dy’t wetter om har hinne spuie. Ek út guon bledsjes komt wetter. De beam en de fûgels wurde útfierd yn brûns of koper.

It gewei, dat ferwiisd nei de oerkrêft fan it Hert en de Hine, docht ek tinken oan de woartels en takken fan de beam. It is makke fan duorsum hout en je kinne der op sitte om nei de feestlike beam te sjen.

Om de beam hinne is in bassin dat it wetter opfangt. Ek binne der yn de ierde inkelde gatten makke dy’t, ûnder fersterke glês, Hylper blommotiven toane. Jûns binne se ferljochte, wat de moaie, poëtyske sfear noch fersterket.

 

Hjirûnder in oersjoch fan wat de media oer de presintaasje berjochten:

Finster op Fryslân:

http://finsteropfryslan.frl/kunst/11fountains-hind...

De Ljouwerter Krante:

http://www.lc.nl/friesland/Hylpers-maken-kennis-me...

Omrop Fryslân:

http://www.omropfryslan.nl/nijs/688558-untwerp-foa...

NRC:
https://www.nrc.nl/nieuws/2017/01/08/fontijn-met-h...

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens