Ga naar inhoud
MAP
fy

Ienheid yn Grou

Grou stiet bekend om de wettersport. De stream oan toeristen dy’t dêrút fuortkomt is goed foar it doarp. Businessclub Grou en Stichting Promotie Grou bestiet út 120 ûndernimmers. Mei in eigen logo – de sinne boppe de mar – dat op flaggen by in protte fan de gevels pronket, strielt it doarp ienheid út. Mei sa’n eigen kultuer kin it net oars as dat hjir in soad te belibjen is tidens Ljouwert-Fryslân 2018. 

“We hawwe sels in eigen iepening”, begjint Ivo Krikke, foarsitter fan sawol de feriening as de stichting. “14 jannewaris, twa wiken foar de offisjele iepening, is der in lêzing oer de bruorren Halbertsma by ús yn de Sint Pitertsjerke.” De bruorren Joost, Tjalling, Eeltje en Binnert Halbertsma út Grou hawwe in soad ynfloed hân op de Fryske taal en kultuer. Se wienen de earsten dy’t folksferhalen yn it Frysk optekenen. 

“Der is ôfpraat dat elke feriening foaral syn eigen eveneminten organisearjen bliuwt. Sa wurdt it Skûtsjesilen troch de Skûtsjekommisje regele. Wy sjogge as ûndernimmers hoe’t we dêr yn it ramt fan Kulturele Haadstêd mear út helje kinne. Mooglik mei in in showwedstriid of in merke.”

Fan need ta deugd
26 febrewaris baarnde it Theehuis ôf, ien fan de wichtichste hoarekagelegenheiden fan it doarp. Yn mar acht wiken is der in nij driuwend teehûs boud. “Wannear’t it nije Theehuis op de kade yn 2018 klear is, kinne we it driuwende restaurant brûke foar oare eveneminten, it is ferpleatsber, sadat it Theehuis by tal fan eveneminten oanlein wurde kin.” 

Ienheid
Yn it sintrum fan it doarp is in ynformaasjepunt ynrjochte foar toeristen. De ûndernimmer pakt in flagge wêr’t mei grutte letters ‘Grou’ op stiet. De ‘o’ foarmet it yntusken bekende logo fan de sinne boppe de mar. “We ferkeapje hjir ûnder mear shirts, jassen en mokken. Kinst dysels hielendal yn Grou-styl omtoverje. Dêrneist steane hjir belutsen en motivearre frijwilligers dy’t de minsken fan ynformaasje foarsjogge. In echt loket foar ynwenners, ûndernimmers en toeristen.” 

Sels hat de ûndernimmer al ferskate data yn syn aginda blokkearre om fan kultuer yn syn provinsje te genietsjen. “Ik bin yn elts gefal by ús eigen iepening op 14 jannewaris. Twa wiken letter kinst my fine by it offisjele Openingsweekend. Ek soargje ik foar in goed plak by De Reuzen fan Royal de Luxe.” Wylst er it ynformaasjepunt foar toeristen útrint, pakt er noch fluch in Ljouwert-Fryslân 2018-jierkrante mei. 

“As ûndernimmers wurkje we hiel nau gear. We soargje fanút sawol de Businessclub as Stichting Promotie Grou dat  it doarp ien gehiel wurdt. Sa hawwe we dit ynformaasjepunt wêr’t toeristen terjochte kinne foar produkten en ynformaasje mei-inoar opstart.” Wylst Ivo troch de winkelstrjitte rint, binne se net te missen: “Oeral hingje flaggen mei ús logo. Dêrneist hawwe alle winkels deselde buordsjes mei iepeningstiden. Der komt noch in ekstra grutte fariant fan ús logo lâns de sneldyk by de iisbaan.” 

Mei-inoar steane we sterk

Allinne mei bedriuwen út itselde plak gearwurkje, giet de ambisjeuze ûndernimmers lykwols net fier genôch. “We wurkje ek gear mei oare ûndernimmersferieningen súdlik fan Ljouwert, lykas Warten en Jirnsum. We binne no ek yn petear mei Stiens, dat noardlik fan Ljouwert leit en per 1 jannewaris ek by de gemeente Ljouwert heart. Hja kinne mooglik itselde betsjutte foar ferieningen oan de noardkant fan de haadstêd. We diele graach kennis.” 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens