Ga naar inhoud
MAP
fy

Iepen UP siket vloggers mei lef

It projekt fan Ljouwert-Fryslân 2018 siket jong talint (18-28 jier) mei in grutte bak lef, nijsgjirrigens en ambysje út hiel Fryslân: om in searje vlogs te meitsjen oer de wrâld om dy hinne en hoe’sto wolst dat dy der útsjocht letter. Foar reboeljemakkers, heechfleaners en nijkommers.

Iepen UP daget jonge minsken út foar dit ambisjeuze projekt. De vloggers krije training fan mediamakkers, lykas de bekendste vlogger fan Nederlân Ismail Ilgun. Se wurde begelaat troch de betûfte televyzjemakker Janko Krist (û.o. Jan Rijdt Rond, Man Bijt Hond en Omrop Fryslân). Technyske feardigheden binne net nedich.

Finale foar grut publyk
Yn novimber 2018, tidens it slotakkoard fan Kulturele Haadstêd fan Europa, presintearret de groep harren resultaten oan it grutte publyk.

De vlogs sille tusken maaie en novimber 2018 makke wurde en fia de sosjale media fan Iepen UP, LF2018 en Omrop Fryslân ferspraat wurde. Ek wurde de vlogs presintearre yn de wyklikse talkshows Iepen UP Live yn Neushoorn Café.

DjipFries en Rânestedsjer, religieus en ateïstysk, wyt en swart, falide en oarsfalide. It mei dúdlik wêze: Iepen Up makket gjin ûnderskied. Wa’t belangstelling hat, kin him foar 1 febrewaris 2018 hjir oanmelde. Iepen UP biedt in lytse fergoeding.

Oer Iepen UP
Iepen UP is in programma oer frijheid, demokraasje en ferskaat. Oer hoe’t we meielkoar libje yn in wrâld dy’t feroaret. We geane op syk nei nije moetings, oare erfaringen, nei woartels en nei reitsflak. Online en offline wurkje we oan in nij ferhaal, in lange line. Net mei de fêstige oarder, mar just mei jonge minsken, keunstners, reboeljemakkers, nijkommers, heechfleaners, revolúsjonêren, tinkers en dwaners. Sjoch ek: www.iepenup.nl

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens