Ga naar inhoud
MAP
fy

In bewyske Kulturele Haadstêd aan de wâlskanten fan it IJ

AMSTERDAM – Fryslân wie net te missen, ôfrûne wykein yn hertsje Amsterdam. De fjirtichste edysje fan de Uitmarkt, de nasjonale ôftraap fan it kulturele seizoen, stie dit jier nammentlik ek yn it ramt fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Under lieding fan kampanjelieder Nicole Venema (LF2018) waarden tûzenen besikers ynformearre oer it programma yn ûntwikkeling fan Leeuwarden-Fryslân 2018. ,,De nijsgjirrichheid wie hertferwaarmjend”, seit Nicole. 

Besikers waarden ynformearre oer in tal toppers út it programma, lykas Royal de Luxe, 11Fountains, de tentoanstellingen oer MC Escher en Mata Hari en Under de Toer. Nicole: ,,We ha ferteld oer 3 oktober, de offisjele programmapresintaasje, ús tematyk de iepen mienskip en hoe’t we it publyk no en letter ynformearje.”

Op rinôfstân fan museum Nemo en skean foar it Centraal Station oer bea de spesjale vooruitkijktoren – in ymposante ynstallaasje mei prachtich útsjoch oer it IJ – de tûzenen belangstellenden in ‘tipje van de sluier’, sa’t de Leeuwarder Courant moandei 28 augustus skreau. 

Wa’t de online bydrage fan de LC sjen wol – mei fideo – kin dizze link besjen.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens