Ga naar inhoud
MAP
fy

In kultuerparadys

Winkelljuferiening Winkelcentrum Zaailand is miskien wol de meast aktive feriening fan Ljouwert. Nettsjinsteande de grutte leechstân yn it winkelsintrum, of miskien sels krekt troch dizze leechstân, brûst it sintrum it hiele jier fan de kulturele aktiviteiten.

De feriening is sa aktyf, dat Ciska Blaauwbroek yn 2002 spesjaal oannommen is foar de kommunikaasje derfan. ,,We wurkje it hiele jier gear mei allerhanne partijen dy’t hjir dingen organisearje”, seit Ciska. ,,Bygelyks mei it Fries Museum, om yn te spyljen op de tentoanstellingen. Dêrneist ha we by de feriening faak stazjêres fan D’Drive dy’t fol entûsjasme oan de slach geane en in hiele hoop leare. De measte winkels hjir yn it sintrum wurkje gelokkich aktyf mei. Sa meie ús stazjêres faak guod út winkels brûke om dingen mei te meitsjen.”

Briedplak fan kultuer
Edith Copini, foarsitter fan de winkelljuferiening, sjocht op de earste ferdjipping fan it winkelsintrum om har hinne. ,,Ast nei de boppeferdjipping fan it winkelsintrum sjochst, sjochst dat in grut diel leech stiet. Leechstân is fansels net goed, mar we meitsje der it bêste fan.”

,,We ha hjir alle jierren acts fan bygelyks it Straatfestival, de NHL hat hjir no al trije jier op rige in eksamen fan de oplieding Beeldende Kunst en we ha twa kear yn it jier in grutte keunstmerk. Sa leech binne de leechsteande pannen dus hielendal net.”

It bern yn elkenien
Edith en Ciska helje it iene nei it oare foarbyld oan. ,,Ek binne der geregeld wedstriden. Lêsten hienen we bygelyks in kleurwedstriid dy’t iepene waard troch de boargemaster en wethâlders. Dy seinen yn it foar: ‘We dogge echt net mei oan it kleurjen’. No, se hawwe kleure. En kreas binnen de lyntsjes!” laket Edith. ,,Der bart hjir safolle, dat it ûnmooglik is om allegear op te neamen.”

,,We fernimme dat minsken altyd hiel bliid binne mei alles dat hjir bart. By it krystsirkus is it alle jierren hiel drok. We ha dan livemuzyk en in hapke en in drankje. Kinst minsken dan hast letterlik gnoarjen hearre”, seit de foarsitter blier.

In kultureel paradys
Foarútsjend op takom jier, tinke beide froulju der noch in skepke boppe-op dwaan te kinnen. ,,As juwelier by Juwelier Copini, dêr’t ik alle dagen stean, kinst net fuort in soad dwaan yn it ramt fan Kulturele Haadstêd”, leit Edith út. ,,We binne wol faak belutsen by priisfragen yn it winkelsintrum om mei te tinken oer de priis. Mar út de winkelljuferiening wei binne we wol hiel aktyf dwaande mei takom jier.”

,,We binne no drok yn petear mei ferskate grutte partijen om it winkelsintrum it hiele jier om te toverjen ta ien grut kultureel paradys”, leit Ciska út. ,,Earst komt hjir de biblioteek noch fan oktober 2017 oant en mei jannewaris 2018, dêr’t we trouwens hiel bliid mei binne, mar dêrnei kinne we los mei kulturele eveneminten. Dan kinne minsken by ús kultureel komme te shoppen.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens