Ga naar inhoud
MAP
fy

In needgjalp fan ús planeet

It iene nei it oare diselskandaal, gaswinning yn de Waadsee, politisy dy’t oer de wrâld net ta in betsjuttingsfol klimaatferdrach komme kinne. ,,We moatte ús libbenspatroan drastysk feroarje”, seit Sjaak Kusters, teätermakker yn ieren en sinen. ,,Ik wol in foarbyld stelle.” Spesjaal foar LF2018 betocht er de rûnreizgjende foarstelling ‘Lokroep’. De poadia steane yn de simmer fan 2018 op ferskillende campings yn Súdwest-Fryslân.

Sjaak rint oer Watersportcamping Heeg. It is in reinige dei yn augustus. Spitigernôch is dat gjin útsûndering mear yn de Nederlânske simmers. In gefolch fan de klimaatferoaring? Sjaak knikt. De kuier einiget op in griene ferheging oan it strantsje oan de Hegemer Mar.

Op dit dykje stiet Sjaak stil, mei de rêch nei it wetter keard en it gesicht nei in fjildsje dat net folle grutter is as in tennisbaan. Hjir en dêr stiet in caravan of famyljetinte. Op dit fjild is takom jier de premjêre fan ‘Lokroep’, sa’t de foarstelling hyt.

Yn de berneskuon
It programma stiet noch yn de steigers. It ferhaal is noch net útdjippe, spilers moatte socht wurde en de lokaasjes binne, op Watersportcamping Heeg nei, noch net fûn. ,,We steane oan it begjin fan in aventoer”, seit Sjaak. ,,Mar dizze foarstelling giet troch. Dêr bin ik wis fan.”

De produsint makket útienrinnende foarstellingen, hieltyd út in persoanlike fyzje op ús maatskippij wei. Sa stelde er ús ôfhinklikheid fan de mobile telefoan oan de oarder en makket er no dus in konfrontearjende foarstelling oer de klimaatferoaring. ,,Ik wit net hoe’tsto der yn stiest, mar ik wit wol dat we ús planeet fergrieme. Mei dizze foarstelling wol ik oaren dêrop wize.”

Biodiversiteit
Alle foarstellingen binne tusken juny en augustus 2018 op ferskate campings yn Súdwest-Fryslân. ,,Healwei juny ha we hjir earst twa try-outs en de premjêre. We sykje mear campings dy’t meiwurkje wolle. Ik wol elke twa wiken op in oare camping twa jûnsfoarstellingen jaan. We begjinne yn juny om’t dan it siedzjen krekt foarby is en de biodiversiteit dan heech is. Biodiversiteit; in grut ferskaat oan planten en bisten, is nammentlik in belangryk ûnderwerp yn de foarstelling.”

As gefolch fan it kappen fan in soad bosken binne folsleine diersoarten útstoarn en wurde meardere dêrmei bedrige. ,,De ierde freget ús letterlik om in stap werom te dwaan. Biodiversiteit is hiel belangryk foar it klimaat. It is goed foar it klimaat wannear’t ferskillende bisten en planten mei elkoar libje. Planten en bisten folje elkoar nammentlik oan. Dit is ek krekt de reden dat de foarstelling op campings is. Dêr is de biodiversiteit nammentlik hiel grut en sitte de besikers der middenyn.”

Belutsen publyk
Sjaak hat oan alle eleminten tocht om it publyk safolle mooglik by de foarstelling te belûken. Sa sil it lûd kwadrafonysk wêze. Dat hâldt yn dat fan fjouwer kanten ferskillende lûden komme. ,,Sa kaam by in eardere foarstelling it lûd fan in helikopter fan alle kanten. Sa is it krekt oft der echt in helikopter oerfljocht.”

De produsint kiest bewust foar amateurspilers. ,,Ast in bekende akteur delsetst, rinst it risiko dat de hiele foarstelling om dy persoan draait en de ynhâld ferlern giet. Dêrneist foarmet in groepke amateurs faak in folle hechter team en dat sjochst werom yn de foarstelling.”

Ta beslút krije alle besikers nei ôfrin fan de foarstelling in enkête, dêr’t yn frege wurdt wat se oars dwaan sille om by te dragen oan in better klimaat. ,,De resultaten kinne wy yn ús jierferslach brûke, mar de enkête is foaral bedoeld om minsken bewust neitinke te litten oer wat sy dwaan kinne tsjin klimaatferoaring.”

Westerling
De teätermakker komt dan wol út Schiedam, hy is bekend mei ús noardlike provinsje. ,,Ik ken Sjaak fan Oerol,” begjint Karin Veldhuizen fan Watersportcamping Heeg. ,,Dêr draaide hy in produksje dy’t er letter hjir op de camping toand hat. It wie in lytsskalige, mar hiel yndrukwekkende foarstelling. Troch de kombinaasje fan teäter en audiofisuele effekten wit Sjaak minsken te reitsjen. Dat wolle we ek yn 2018 mei ‘Lokroep’ berikke.”

Sjaak is hiel bliid dat hy, as Hollanner, troch Karin frege is om spesjaal foar 2018 dizze foarstelling te produsearjen. ,,Ik fiel my fereare. Ik bin dochs mar ien út it kâlde westen,” grapjaget er.

In tipke fan de sluier
,,Karin tinkt mei oer de foarstelling en de kommunikaasje,” leit Sjaak út. ,,De foarstelling begjint mei in konfrontearjende film. Dêrnei komt teäter en we einigje wer mei in film. Nei de foarstelling krijt elkenien de earder neamde enkête.”

Yn septimber giet de webside fan ‘Lokroep’ online. Wa’t him of har no alfêst oanmelde wol foar de foarstelling, kin in mailtsje stjoere nei wch@watersportcampingheeg.nl.

Besjoch hjirûnder Sjaak syn eardere foarstelling 'Blijf Praten' op Watersportcamping Heeg.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens