Ga naar inhoud
MAP
fy

It bêste fan Claudy Jongstra yn Fries Museum

LJOUWERT – Ekspressive keunst, makke fan tekstyl, wêrby’t it gebrûk fan natuerlike materialen essinsjeel is. Wurk fan keunstneres Claudy Jongstra is fan sneon ôf te sjen yn it Fries Museum.

It museum wijd in grutte tentoanstelling oan de ferneamde filtkeunstneres út it Fryske Spannum. Ancient Light, sa’t de eksposysje hjit, lit it bêste wurk fan de ûntwerpster fan de ôfrûne jierren sjen. Tagelyk krijt it publyk in kykje yn it brein fan Claudy Jongstra. Har wurkwize, de ferskate fazen fan produksje en kreativiteit: se komme allegearre oan bod. Ek is it KH2018-projekt Farm of the World prominint yn byld.

Claudy Jongstra: Ancient Light befettet sketsen, proeven en foto’s fan it kreative proses fan de mural foar it San Francisco Museum of Modern Art, fan de kostuums foar Star Wars en fan it projekt Farm of the World, ien fan de haadprojekten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Ek makket Jongstra foar dizze tentoantselling in grut nij wurk wêrby’t se har ynspirearje lit troch de seizoenen. Se nimt foar dizze manifestaasje ôfstân fan har besteande filtwurk en kiest in nije rjochting mei romtlike tekstile wurken. De tentoanstelling is ûntwurpen troch Irma Boom en Barend Koolhaas en de kurator is Jorn Konijn.

Claudy Jongstra: Ancient Light is oant ‘e mei 8 jannewaris 2017 te besjen. Mear ynformaasje stiet op de webside fan it museum.

De foto is makke troch Marcel van der Vlugt.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens